Besikers meinimme yn in wrâld bol fan muzyk, dát docht Harmonie Weidum!
Bernefoarstellings, slachwurkspektakels, keatspartijen of ferrassingskonserten; Harmonie Weidum nimt taskôgers al mear dan hûndert jier mei yn harren wûnderlike muzikale wrâld. Bist de iene kear op besite yn in griene mearkewrâld, de oare kear sitst yn in leads fan Boubedriuw Van der Vegt te harkjen nei de moaiste klanken. Mei it kreative Weidum as stânplak en har behelpsume ynwenners as efterban is neat ûnmoochlik, yn Weidum fangt de kikkertfisk in haai!
De foarstelling Hennie de Heks leart toverjen wie in ferrassend muzikale famyljefoarstelling. Jong en âld fernuveren har oer Hennie, har tsjoenderskeunsten en it tapaslike muzikale listwurk. Harmonie Weidum lit de taskôger jier nei jier genietsje fan sawol slachwurk as blaasmuzyk. Projekten lykas Koperdieven, Weidum slaat Troch, festiValentijn en Memories of a Nightclub lûke folle sealen en bringe de besikers in protte wille en in bulte moaie herinneringen!
Yn 2017 naam ús B-orkest bern mei yn in heimsinnige fûgelwrâld mei de nije muzikale bernefoarstelling Rôversguod, basearre op it boek mei deselfde namme. Yn neifolging fan de súksesfolle 'Hennie de Heks' foarstellings kaam Harmonie Weidum foarich jier mei in folslein nije foarstelling; Rôversguod. De foarstelling waard regisearre troch Baukje Hiemstra en naam basisskoallebern mei yn in ynteraktyf aventoer. Rôversguod wie te sjen yn ûnder oare Weidum, Wergea en Terherne wilens de Berneboekedei.
Besikers meinimme yn in wrâld bol fan muzyk, dát docht Harmonie Weidum!
(Roversguod)
(FestiValentijn)
(Hennie de Heks | 2014)
(Memories of a Nightclub)
Muzyk docht der ta en in muzykferiening as Harmonie Weidum is únmisber foar it behâld fan in sterke mienskip.
Tryater maakt Ynblaze samen met zeven korpsen in Fryslân. Een unieke samenwerking tussen lokale amateur-muziekverenigingen en Tryater. Ynblaze is het eerste deel van Tryaters Fanfare-drieluik.
Dizze famyljefoarstellings wiene in gearwurking fan Wiepkje Castelein as Hennie, hoorniste Hanna Guirten fan it Noord Nederlands Orkest en de fanfare ûnder lieding fan Ria Fennema.
Dizze foarstelling waard mei mooglik makke mei tank oan Gemeente Leeuwarden, Douwe Kalma Stichting, Feitsma Fûns, Arjen Witteveen Fûns, Ritske Boelema Gasthuis, Boersma Adema Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Het Nieuwe Stads Weeshuis, Fonds Bolsward Dronrijp, Old Burger Weeshuis, Prins Berhard Cultuurfonds, Stichting Siebolt Foudation, Feriening Greidhoeke Fûns, Stichting Allardsoog en Doarpsbudzjet Weidum. TIGE TANK!
It Oare Fyzje SjongFestival: 26 artysten, dik 45 slachwurkers & blazers en in hiele bulte hits!
De bêste Eurovision songs ever, hearst by it Oare Fyzje SjongFestival fan Harmonie Weidum & Friends!
In jûn grôtfol hits, by it útsinnige publyk brocht troch tópvokalisten. De presentaasje dizze jûn is yn de bedreaune hannen fan ús eigen ekstravagante duo Tialde Ploegh & Wybo Smids.
Fanút hiel Fryslân komme de leafhawwers nei it terpdoarpke Weidum om dit unike konsert by te wenjen. Fans én bookmakers beskôgje Oare Fyzje SjongFestival dan ek as dé generale repetysje foar it echte Eurovision Song Contest 2019, dat letter yn Tel Aviv plak hat.
Meitsje dy klear foar in hearlik muzykspektakel op sneon 11e en snein 12e maaie 2019 mei ûnder mear de suksesnûmers: Slow down, Euphoria, Puppet on the string, Ding-a-dong, Birds, Only teardrops, Nocturne en it rauwe Outlaw in ‘em fan Waylon!
Foto's: https://www.harmonieweidum.nl/fotos
It Oare Fyzje Sjongfestival wurdt mei mooglik makke troch:
Wiersma Tentenverhuur & Partyverhuur, Bou- en restauraasjebedriuw S.D. van der Vegt, Theater Techniek Transport, Studio Smids, HD Studio, Doarpshûs Weidum, Sjongerij Weidum, Patrick Kramer Lightning Designer, Vedt, DansWil, Janneke de Boer Tekst & Kommunikaasje, PDF-Grafie, Stichting Siebolt Foundation, Gemeente Ljouwert, Fonds Bolsward-Dronrijp (1993), Lammert Koopmans Stichting, P.W. Janssen's Friesche Stichting, Stichting Ritske Boelema Gasthuis & Poiesz Supermarkten.
1
In lytse ympresje fan ús saksefoankwartet hearst hjirre: https://www.youtube.com/watch?v=C0y8FF2Qtmk
Ut de Frjentsjerter krante:
ZWEINS – Zanggroep ’t Franeker Akkoord bestaat vijf jaar. Om die reden wordt er 10 april vanaf 15.00 uur een jubileumconcert gegeven in het kerkje van Zweins.
De zanggroep bestaat uit twaalf mannen en staat onder leiding van Ria Fennema. In Zweins was vijf jaar geleden ook de eerste uitvoering.
Ditmaal is er medewerking van het Saxmonie kwartet uit Weidum. Dat is een onderdeel van de Fanfare uit Weidum.
Het programma van ’t Franeker Akkoord bestaat uit zang en instrumentele muziek.
Jaarlijks geeft de zanggroep vier uitvoeringen, vooral in verzorgingscentra. Zo waren er met Kerst twee uitvoeringen in Franeker.
De bindende factor met het Saxmonie kwartet is dirigent Fenema. Zij dirigeert ook de Harmonie uit Weidum. In Weidum zelf treedt de zanggroep 24 april op vanaf 15.00 uur.
Memories of a nightclub: In âlderwetsk gesellige jûn fuort!
Yn Weidum leit 12 maart de dûnsflier foar jo klear om te dûnsjen en te swingen op muzyk fan ûnder oare Jim Croce, Amy Winehouse, Glenn Miller Orchestra en Kyteman. Fanfare Harmonie Weidum besoarget jo in ûnferjitlike en âlderwetsk gesellige jûn út mei it unike ‘Memories of a nightclub’ konsert yn de folslein oanklaaide grutte seal fan it doarpshûs fan Weidum.
Mei ‘Memories of a nightclub’ wurdt de taskôger de dûnsflier oplutsen troch de gelegenheids bigband dy ’t spesjaal foar dizze jûn foarme wurdt. Lit jo ferrasse troch ferskate gastmuzikanten lykas The Andrew Sisters, pianist Jan Stulp en sanger Wybo Smids dy ’t Frank Sinatra fertolket.
De 118 jierrige muzykferiening Harmonie Weidum bestiet út in malletband en in fanfare. De ôfrûne jierren hawwe beide ôfdielings al hiel wat besikers nei Weidum lutsen, ûnder oare mei de bernefoarstelling Hennie de Heks, mei de film Koperdieven en op fjirtjin febrewaris 2015, yn gearwurking mei de malletband, mei it festiValentijn. Under de besiele lieding fan dirigint Ria Fennema hat de fanfare fan ’t hjerst op it concours in 1ste priis mei promoasje behelle. Njonken de temakonserten is Harmonie Weidum ek te finen by keatspartijen, it iepenloftspul yn Jorwert en by trouwerijen en jubilea; in iverige en belutsen doarpsferiening dy ‘t altyd op syk is nei fernijing. Mei ‘Memories of a nightclub’ jit Harmonie Weidum it fenomeen korps yn in folslein nij jaske en bringt sy hafabra leafhawwers, dûnsfans en âlderwetske geselligens byinoar.
In lytse ympresje sjochst yn dit filmke mei 'Worn Down Piano' mei Jan Stulp: https://www.youtube.com/watch?v=_a_OJC4J_HU
Love on top yn Weidum
Gjin standert falentynskonsert fan Harmonie Weidum dit jier, mar in wiere ûnderfining. As taskôger wurdst meinaam lâns tema’s as ferealens, lust en drama op lokaasje. Sa kuierest fan doarpshûs nei tsjerke wêr’t op lokaasje ynteger en útbundich ôfwiksele wurde. It festiValentijn is in lytsskalich opsetten festival ta eare fan de leafde yn al har fasetten en in gearwurking tusken Malletband en Fanfare. Dizze koöperaasje is in útdaging foar de 117 jierrige muzykferiening mar skept ek nije mooglikheden. Sawol muzykleafhawwers as libbensgenieters sille dizze jûn mei in protte niget ûndergean.
Yn it gefariearde program hearst in grut ferskaat oan nûmers foarby kommen. Bygelyks in klassiker as ‘Too much love will kill you’ fan Queen, de hit ‘Mag ik dan bij jou’ fan Claudia de Breij of it betsjoenende ‘1000 years’ fan Christina Perri. Alle muzyk is spesjaal foar it festiValentijn arranzjearre troch Ria Fennema en Martijn Oostra. Yldau Bijlsma, Jasmin Lukkes en Wybo Smids nimme de sang foar harren rekken.
Sjoerd en Tsjerk Bottema liede dy lâns muzyk, poëzij en tema’s mei as reade tried in leafdesferhaal, skreaun troch Annemiek Schuurman, wat jin net ûnoandien lit.
In lytse ympresje fynst hjir (Alles is Liefde): https://www.youtube.com/watch?v=xwcDvxSOEJQ en hjirre (Zeg me dat het niet zo is...): https://www.youtube.com/watch?v=Gf46FUnjZjE
Belangeleas mei wurkje oan it projekt Op 'e Trapers foar Make a Memory. Harmonie Weidum, Koar Weidum, Ria Fennema, Wybo Smids, Ait Jan Bouma, Thomas Perridon, Sabine Tamminga, Piet Douma en hiel folle oaren ha harren ynsetten foar dit bysûndere barren. Jeltsje Tamminga, Sepkje van der Vegt en Laura Cook sille yn septimber 2015 de Mont Ventoux beklimme foar stifting Make a Memory. Dizze stifting set him yn foar de âlden fan slim sike bern en baby's. De sinten foar dizze stifting wurde brûkt om foto's meitsje te kinnen fan dizze jonge libbens. Se meitsje oantinkens. De kick-off op 22 novimber 2014 fan Op 'e Trapers foar Make a Memory hat in moaie start west foar de ynsammelingsaksje fan de trije fytsters.
It wie yn 2011 doe't Fanfare Harmonie Weidum foar 't earst in Valentijsconcert joech. No yn 2015 falt de datum sa alderferskuorrende moai, dat wy koene it net oer ús hert ferkrije om it oergean te litten. De earste edysje wie in gearwurking mei Annemiek Schuurmans, Wybo Smids, Ruurdtje Anema, Yldau Bijlsma, Grietje Meulenaar, Wiebe Kaspers, Tjerk Kooistra en de Weidumer Krystbalkommisje. Net de minste nammen yn Fryslân. Muzyk fan Kane, The Beatles, Marco Borsato, John Miles en Sara Bareilles krige de taskôger te hearren. Op 14 febrewaris 2015 sil de oanpak en organisaasje alhiel oars wêze. Martijn en Ria (ús diriginten) sille gearwurkje, lykas de muzikanten fan sawol Malletband as Fanfare. Mei de stekwurden smaakfol, smûk en leafdefol wurdt it festival in wiere oade oan de leafde.
De taheakke foto's jouwe dy in ympresje fan it konsert fan 2011. Of harkje nei dit YouTube filmke: https://www.youtube.com/watch?v=uYbsaytDOng
"Koperdieven” is in fryske film, mei muzyk fan de fanfare fan Weidum.
In soarte fan filmfare. De klanken fan de fanfare en de bylden fan StudioSmids nimme jo mei op aventoer…..
Yn it tsjuster kreakje de trapers, himet de fytser… Wêr sil dit hinne? Byljende hûnen en blinkjende brekizers…. Moarns docht bliken wat de skea is. Rûnom yn it doarpke is ynbrutsen. Detectiveburo De Lange & De Korte draait oeroeren. Kinne sy it mystearje yn Weidum oplosse? Jo sille de muzyk en de film op in hiel eigentiidske wize belibje.Yn in prachtich oanklaaid filmtheater komme toanen fan Queen, Bach en Eric Clapton de taskoager temjitte, wylst sy sjogge nei it spannende ferhaal fan Koperdieven, mei in protte bekinden út Weidum en windstreken, soene Feik en Tjits wol sizze…..
Harmonie Weidum
De fanfare fan Harmonie Weidum stiet sûnt septimber 2012 û.l.f. Ria Fennema, in diriginte mei in protte ûnderfining. Sy fielt har tige thús yn Weidum en draait op folle toeren mei yn dit koperdieven-projekt. Krekt as alle leden fan
de fanfare. It kaam wolris efkes op hun aktear-talinten oan!