Skiednis

It is 27 febrewaris 1898. Njoggen Weidumers fine, it moat mar wêze. Ferskate doarpen yn 'e omkriten hawwe al in muzykkorps, Weidum moat ek in fanfare ha. Der giet in list by de doarren lâns en dan; ,,heeft men alreeds over den som van ƒ95,- te beschikken. Algemeen was men van oordeel dat de financiële bezwaren genoegzaam waren uit den weg geruimd zodat tot oprichting werd besloten", sa stie it mei moaie krulletters yn it earste út in rige fan in lytse tweintich notulenskriften. It earste bestjoer wurdt keazen; de hearen P.Boonstra, S.Radelaar, J.Vos en TH.Boersma. Dat wie it begjin.

It is no 27 febrewaris 2023. Harmonie Weidum bestiet hjoed-de-dei út in malletband en in fanfare en libbet
as in hert. Op 10 novimber 2023 krige Harmonie Weidum de Keninklike Earepenning útrikt, lês der hjir mear oer.

Yn de útjêfte ta fiering fan it 75 jierrich jubileum fan Harmonie Weidum steane ankedoates as; 'What him yn dy tuskentiid ôfspile hat is  mei gjin tsien fan dizze boekjes te beskriuwen. De âldere leden fan de Harmonie -Folkert Hiddinga, Eelke Tamminga, Bouwe de Vries en it earelid Germ van der Meer- kinn' dêr smout oer fertelle.' Saken fan doe en no, op dyselfde side fynst dit nammentlik ek; 'Wy neamden Master Schilstra, de man fan hwa't foarsitter Johannes de Vries seit: ,,Sûnder Master Schilstra hie der gjin korps mear west." Ha wy soks yn in resint ferline ek net belibbe? Wolst efkes werom yn de tiid? Dûk dan ris it foto argyf yn, dêr fynst ferskate groepsfoto's út dy tiid.

As it goed is, foarmje dirigint en muzikanten in 'Harmonie'. It is goed, al 125 jier lang!

 

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring