Tryater maakt Ynblaze samen met zeven korpsen in Fryslân. Een unieke samenwerking tussen lokale amateur-muziekverenigingen en Tryater. Ynblaze is het eerste deel van Tryaters Fanfare-drieluik.
Harmonie Weidum 125 jier oan | De latte jier op jier heger!
De earste repetysjes en lessen dy't opstarten wurde yn/nei de koroanakrisis.
Leve de Koning, Hoezee! Hoezee! Hoezee!
It Wilhelmus waard 27 april om 10:00 spile foar de bewenners fan Nij Dekama.
Nije foarskriften om it Coronafirus ôf te remjen setten yn Weidum earst de skoalle en dêrnei it sosjale libben op slot en net folle letter kaam it berjocht dat Nij Dekama op oantrún fan de oerheid de doarren ticht die foar famylje, besikers en frijwilligers fan bûten.
Snein 22 maart kaam in part fan Harmonie Weidum del, dy’t oan alle siden fan Nij Dekama harren hearre lieten mei ûnder oare de bekende mars Fresena en it Ik ben blij dat ik je niet vergeten ben fan Joost Nuissl út 1975.
Buro De Vries (Geartsje de Vries, Omrop Fryslân) wie op besite yn it doarpshûs fan Weidum, om it libben en wurk fan Hans Henricus Schotanus à Steringa Idzerda te betinken. Kommende woansdei is it nammentlik 100 jier lyn dat de berne Weidumer as alderearste fan 'e wrâld in kommersjele radio-útstjoering de ether yn slingere.
Hanso, syn ropnamme, wie in technysk man mei in grutte ynteresse yn ferskate stjoertechniken.
Oare Fyzje Sjongfestival - Harmonie Weidum & Friends
Ljocht: Patrick Kramer
Lûd: Harry Zwerver
Stagemaster: Wouter Bouma
Begelieding: Wikje Kooijmans
Foto's: Piet Douma
Presentaasje:
Tialde Ploegh & Wybo Smids
Artysten:
Anke Boersma, John Boonstra, Ali de Vries, Petra Ottema, Jannie van der Veen, Lucy Brouwer, Anton Wijnstra, Ait Jan Bouma, Marieke Wijnstra, Robbie van Dijk, Dieuwke de Haan, Marineke van der Zijpp, Remmelt Bossema, Nienke Haima, Kees Klip, Saskia Kuitert, Lucinda Weijer, Wiepkje Castelein, Ruurdtje & Wigle, Grietje & Marten!
Kommisje:
Patrick, Yme, Leon, Albert, Jacob, Sepkje, Annemiek, Ingrid & Klaes.
U.l.f.:
Ria Fennema & Johannes Terpstra
Mei tank oan:
Wiersma Tentenverhuur & Partyverhuur, Bou- en restauraasjebedriuw S.D. van der Vegt, Theater Techniek Transport, Studio Smids, Doarpshûs Weidum, Patrick Kramer Lightning Designer, Vedt, DansWil, Janneke de Boer Tekst & Kommunikaasje, PDF-Grafie, Stichting Siebolt Foundation, Gemeente Ljouwert, Fonds Bolsward-Dronrijp (1993), Lammert Koopmans Stichting, P.W. Janssen's Friesche Stichting, Stichting Ritske Boelema Gasthuis, Poiesz Supermarkten, de cassieres, de barminsken, it Mate-aksje-team & de o sa dierbere Mate-ploech.
Zaterdag 26 januari 2019 speelden wij samen met andere (Weidumer) artiesten op DOKpop!
DOKpop was het Weidumer afscheidskado voor Gisi en Luit Jan Lukkes. De optredens in de woonkamer, in de garage, op zolder en in de voormalige spreekkamer waren zeer geslaagd én memorabel!
Foto’s: Piet Douma
De útslach:
2de priis solo Ruurdtje Anema
3de priis ferplichte wurk
2de priis oer it algemien (overall) fan de 4e divyzje
Greidehert is in muzikale filmfertelling oer Littenseradiel. Lit jo meislepe op de prachtige muzyk (in arranzjemint fan Jorrit Laverman) en genietsje fan de bylden fan sfearen, minsken en it lânskip fan Littenseradiel. Wybo Smids en Tjerk Kooistra hawwe tekene foar it idee en de útfiering.
Korps spilet live
Alle besikers sjogge in spesjale film oer Littenseradiel. Tagelyk mei de film spilet der live in orkest, dat bestiet út muzikanten en leden fan korpsen út Littenseradiel. Sintraal steane 29 gesichten, út elk doarp ien. Fan âld oant jong, fan ‘ymport’ oant hikke en tein, fan it lânskip oant en mei it ferieningslibben. Alles wat it plattelân fan Littenseradiel sa gewoan en tagelyk sa bysûnder makket.
Spyldata en plak
De foarstellingen wurde spile yn De Helling yn Winsum.
Spyldata binne:
9 desimber, 20.30 oere
10 desimber, 14.00 oere
15 desimber, 20.30 oere
16 desimber, 20.30 oere
Greidehert is útferkocht!
Bron: www.greidehert.nl en foto's fan Piet Douma.
Sneon in prachtich konsert hân yn 'e tsjerke fan Bears mei trompettist Rik Mol.
Martijn Oostra naam ôfskied en joech syn (dirigear)stokje troch oan Johannes Terpstra.
Martijn bedankt foar de fijne gearwurking en Johannes Wolkom!
CityProms - Birds & Brass 🎺
Broken Brass Ensemble + Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden (SML)
Harm Hallema krige fan ‘e moarn, Pinkstermoandei, in wiere aubade en dat hie Harm nét ferwachtte. Harm set him al jierren en jierren belangeleas yn foar Weidum, it Weidumer doarpshûs en Harmonie Weidum yn ’t bysûnder. Spile Harm eartiids noch de bekkens, it ambyld en de grutte trom, doedestiids hie Harm de kofje ek altyd klear yn it skoft fan ús repetysje. Tsjintwurdich soarget Harm derfoar dat uze kranten (foar de fliber…) kreas bewarre wurde en as âld papier wer in ynkomste is foar de gimmestykferiening. No ja, sa kinne wy noch wol eefkes troch gean: Al mei al is Harm al hiel lang, hiel warber yn en foar Weidum: Harm Bedankt! Harm: ‘Je soene der wiete eagen fan krije… Mar dat dogge wy net!’ Boppedat is Harm hjoed ek nochris jierdei, hy is hjoed 80 wurden. fan herte lokwinske! In spesjaal betankje oan Sabine en Jellie, foar it fersoargjen fan de karre fol mei lekker iten en drinken!
10 juny 2017 | Birds&Brass | Feest der Verandering | Broken Brass Ensemble | SML | Skylge | Ofskie Joop Mulder | Oerol | LF2018 | Foto's René den Engelsman
Skoalleprojekt!
Muzyk makket bern slimmer en sosjaler; Us skoalleprojekt, ûnder lieding fan Andries Kramer, is los op de skoallen fan Mantgum en Jorwert.
De bern fine it prachtich!
Mei grutte tank oan:
B-orkest Harmonie Weidum, Ria Fennema, Baukje Hiemstra, Patrick Kramer, Wouter Bouma, Hessie Rozenberg-Douma, Jan Tiede Bouma, Jeltsje Kramer-Tamminga, Pyke Kramer, Sepkje Van der Vegt-Tamminga, Feikje van der Vegt, Corina Punter-Posthumus, Beitske Boersma, Marijke Dijkstra, Helena van der Wal, Boukje de Boer, Tjerk Kooistra, Jan Stulp, Wybo Smids, Piet Douma, Ruurdtje Anema, Annemiek Schuurman & Sybren van der Heide.
En in grut applaus foar:
Provinsje Fryslân Studio Haaima Vera Damhuis Studio Smids HD Studio Patrick Kramer Studio Roscher Van Balen Boekhoudburo De Boer Melktechniek Timmerbedrijf Wynia Lyts Kanaän PDF-Grafie BC Weidum Frisiantiles Wiersma Tenten en Catering Douwe Kalma Stichting Gemeente Littenseradiel Doarpshûs Weidum Rabobank Feitsma Fûns Ritske Boelema Gasthuis Arjen Witteveenfonds Boersma Adema Stichting en de Lammert Koopmans Stichting
(ynkoarten binne alle foto's te finen op www.harmonieweidum.nl)
Sa as jim witte, geane wy sûnt in tal jierren op Pinkstermoandei op besite by in man of frou dy't op frijwillige basis in protte betsjut foar Weidum en Harmonie Weidum yn it bysûnder. Wiene yn eardere jierren Wybo, Sjoerd, Ait Jan en Patrick oan bar, yn 2016 waard dizze eare takend oan Klaas Rodenhuis.
Klaas is al sûnt jierren belutsen by Harmonie Weidum en soarget bygelyks foar it ferfier fan ynstruminten fan en nei concoursen of stúdzjewykeinen, hy is mei Weidum Slaat Troch de rjochterhân fan Wybo en draait syn hân net om foar it tappen fan pilskes op it Memories of a Nightclub konsert.
"Ik bin oars sa fan it hie net hoegd, mar ik fyn dit toch wol hiel moai, hear!" sei Klaas mei de hannen yn 'e loft doe't Harmonie Weidum by him thús op 'e stoepe stie.
Klaas, bedankt foar dyn ynset!
Dûbelkonsert manljuskoar 't Franeker Akkoord en saksofoankwartet Saxmonie ûnder lieding fan Ria Fennema en begelaat troch Jan Stulp op piano.
Noch oan it bykommen fan de moaie, waarme jûn juster. Pikefel fan de ynset fan Tjerk de Boer en Jort van Zutphen. Laitsje om Freddie's anekdoates en opnij pikefel doe 't Jeltsje Kramer-Tamminga it wurd naam.
Ik wie oandien. Fan myn teannen oant myn krún. It wie moai, it wie goed. Wy winskje ús trije fytsters (Laura Cook, Sepkje Tamminga-van der Vegt en Jeltsje) alle goeds ta yn har tariedings en de klim nei boppen!
De foto's fertelle it ferhaal fierder wol.
De earste edysje fan ús Valentijnsconcert, doedestiids ûnder lieding fan Reimer Jan Rondaan.
“Koperdieven” is in fryske film fan Studio Smids, mei muzyk fan de fanfare fan Weidum.In soarte fan filmfare. De klanken fan de fanfare en de bylden fan StudioSmids nimme jo mei op aventoer…..
Ben jij geïnteresseerd in onze vereniging? Misschien voor optocht tijdens het dorpsfeest, het jubileumfeest van je ouders, een kindervoorstelling in je theater of juist als lid? Kijk eens tussen de foto's en laat je inspireren door dit enthousiaste gezelschap.