3 x in folle seal mei Roversguod

13 februari 2017

3 kear in folle seal mei Rôversguod!

It B-orkest fan fanfare Harmonie Weidum spile it ôfrûne wykein trije kear foar in fol doarpshûs; taskôgers grut en lyts hâlden de siken yn wilens it ferhaal oer Fekke. 
Fûgelferskrikker Jan Tiede naam harren mei op reis yn in roeke aventoer: Der waard lake, boldere en hjir en dêr ek in trientsje fuortfage. It unike projekt mei poppen en de jeugdige leden yn de haadrol luts sa’n 400 besikers nei it Weidumer doarpshûs.

Mei grutte tank oan:
B-orkest Harmonie Weidum, Ria Fennema, Baukje Hiemstra, Patrick Kramer, Wouter Bouma, Hessie Rozenberg-Douma, Jan Tiede Bouma, Jeltsje Kramer-Tamminga, Pyke Kramer, Sepkje Van der Vegt-Tamminga, Feikje van der Vegt, Corina Punter-Posthumus, Beitske Boersma, Marijke Dijkstra, Helena van der Wal, Boukje de Boer, Tjerk Kooistra, Jan Stulp, Wybo Smids, Piet Douma, Ruurdtje Anema, Annemiek Schuurman & Sybren van der Heide.

En in grut applaus foar:
Provinsje Fryslân Studio Haaima Vera Damhuis Studio Smids HD Studio Patrick Kramer Studio Roscher Van Balen Boekhoudburo De Boer Melktechniek Timmerbedrijf Wynia Lyts Kanaän PDF-Grafie BC Weidum Frisiantiles Wiersma Tenten en Catering Douwe Kalma Stichting Gemeente Littenseradiel Doarpshûs Weidum Rabobank Feitsma Fûns Ritske Boelema Gasthuis Arjen Witteveenfonds Boersma Adema Stichting en de Lammert Koopmans Stichting

Eltsenien betanke foar it entûsjasme, de stipe én jim oanwêzigens!

(ynkoarten binne alle foto's te finen op www.harmonieweidum.nl, in fragmint fan de foarstelling fynst fia dizze LINK.)

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring