Konkoers Drachten Malletband 14 novimber 2015

22 november 2015

Achte muzykfreonen,

Sneontemoarn 14 novimber  8.00 oere stiene wy de frachtwein fan Bandsma Bultje verhuizingen te laden om einliks nei ús konkoers yn Drachten te gean. Ideaal san frachtwein gjin instruminten útelkoar helje alles der sa yn ride. Tank oan Bandsma Bultje verhuizingen.

Nei  ús intensieve mar o sa geselliche studiewykein yn Bedum, it konkoers yn Elburg, it try out konsert yn Weidum en alle repetysjes wie it dan einliks safier, ít konkoers yn Drachten.

Sa rûn 8.45 wiene we te plak en koe alles wer út de auto en delsetten wurde foar ús 20 minuten repetysje om wat waarm te draaien foar it grutte wurk. Dernei omklaaie, noch in bakje kofje efkes húske rinne en dan wachtsje oant je oan`e beurt binne. Dan gjit de tuskenwand omheech en binne wy oan de beurt. Elts set syn instrumint en muzyk te plak en it gjit hinne. We begjinne mei “Concert Intrada” (Jan Geert Nagel) dan “As the Deer” (Martijn Oostra) en as lêste ús ferplichte stik “Tres Sorores”(Martijn Oostra). Wy moasten 20 minuten fulle en nei de stikken spyle te hawwen meie fjouwer leden mei de jury mei foar it earste kommentaar. Ofwachtsje dus.....it klinkt dochs oars as wy went binne yn ús doarpshûs, it lûd wurd súver wei yn san grutte sporthal. Tres sorores wie hielendal nij en dêr wiene se wol oer te sprekken en dat die blyken yn de útslach. 87,25 punten totaal en in earste priis mei promoasje!!

Wy hiene foar dat wy salang net op konkoers west ha en wer efkes wenne moasten oan de "konkoerssfeer", in moai sjuryrapport en in opstekker/plúm foar Martijn mei it skriuwen fan it ferplichte stik.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring