Midsimmerdream yn Weidum, ús eigen Fryske Vrijthof

1 mei 2026

Tink oan de sfear fan in konsert fan André Rieu op it Vrijthof: meisjonge, meideine, dûnsje & pikefel… mar dan gewoan yn Weidum. Op 13 juny feroaret it keatsfjild yn in sfearfol iepenloftteater dêr’t alles byinoar komt:
fan klassyk en ymposant oant modern en swingend
romte om te dûnsjen en te walsen
mei-inoar sjonge ûnder de simmerloft

Midsimmerdream is gjin gewoan konsert, mar in echte belibbing foar de hiele mienskip. Jong en âld dogge mei, fan skoalbern oant bewenners fan Nij Dekama en lokale ferienings. Dat fielst werom op it poadium én yn it publyk.

Mei ûnder oare sopraan Fardau van der Woude en saksofonist Sietske Trinks wurdt it in jûn fol enerzjy, emoasje en ferrassings.

Mis it net.
Dit is ús Midsimmerdream!

Skoar hjir dyn iere dreamer tickets mei koarting https://www.ticketkantoor.nl/shop/MSD26

13 juny 2026 20:15 (terrein iepen 19:30)
Harmonie Weidum & Gasten
Keatsfjild Weidum

Mei-inoar Midsimmerdream - Sjonge, dûnsje en genietsje!

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring