Zutphen/Weidum – Mei in bus fol ynstruminten, goede sin en in entûsjaste fanbase gie jeugdslachwurkgroep JSE2 fan muzykferiening Harmonie Weidum e.o., ûnder lieding fan dirigint Johannes Terpstra, nei de Open Nederlandse Slagwerk Kampioenschappen. Yn Theater Hanzehof stie harren in dei fol muzyk, spanning en foaral in protte wille te wachtsjen.
Nei in gesellige moarn mei it sjen nei oare optredens, spultsjes en in soad lol, wie it om 14:15 showtime. Mei Joyful Ascendance fan Frank Ritsema liet de groep hearre wat se yn hûs hawwe. En dat wie net mis: strakke ritmes, moaie melodyen en foaral in soad fokus en enerzjy. It stik (oer dysels doare te wêzen en groeie) paste perfekt by dizze jonge groep.
Ek de sjuery wie entûsjast. “Bravo, in hiel moai dapper optreden,” klonk it yn it rapport. En: “Ik fûn it hiel leuk om nei jimme te harkjen, hiel goed dien.” Moaier komplimint kinst hast net krije. In oar sjuerylid sei it simpeler: “Dat wie in fleurich optreden, prachtich.”
En doe kaam de beleanning: mar leafst 86,66 punten! Goed foar in earste priis. As dat noch net genôch wie, gie ek de solistepriis foar drums nei Ayso Tamminga, in knappe prestaasje.
De weromreis siet fol sterke ferhalen, wille en grutskens. Efkes wie it stil yn de bus, oant it sjueryrapport op eigen wize foarlêzen waard en immen foarstelde om noch “efkes by de grutte giele M” del te gean. Seis oere jûns wie de groep wer yn Weidum.
In dei om mei in protte wille op werom te sjen, mei in prachtich risseltaat foar de hiele groep.