Frijwilliger fan ’t jier 2025

9 juni 2025

Mei in noflik temperatuerke, de earste sinnestrielen fan de dei en fansels wer in feestlike sfear brochten wy tegearre mei Oranje Boalsert en Hollandia álle 14014 Alvestêdefytsers wer oer de start, wat in feest elk jier!

Dêrnei wie it de heechste tiid om in (Weidumer) frijwilliger yn ’t sintsje te setten. Al sûnt 2012 geane wy tegearre mei Wybo, Sjoerd, Ait Jan, Patrick, Klaas, Harm, Klaas, Pytsje, Jan, Theun, Ine en Joannes op ‘e kofje by wér in nije Frijwilliger fan ’t Jier.Dit kear net 1 mar gewoan 2; blommen en taart waarden yn optocht brocht by Andrys en Pytsje de Jong!

Fan it winkeltsje en aktiviteiten yn Nij Dekama tot ûnderhâld fan keatsfjild en tsjerkhôf en fan poetserij yn it keatsmuseum tot de consumptievoorziening yn it doarpshûs foar alle tredde helten; Andrys en Pytsje, tige tige tank foar al jim skrepperij!

De earegalerij:
(2025) Andrys & Pytsje de Jong, Weidum
(2024) Joannes van der Weij, Weidum
(2023) Ine Sikkema, It Wiel - Weidum
(2022) Theun de Leeuw, Wergea
(2021) Jan Bosma, Weidum
(2020) [Covid]
(2019) Pytsje Bosma, Weidum
(2018) Klaas Ploegh, Weidum
(2017) Harm Hallema, Weidum
(2016) Klaas Rodenhuis, Easterlittens
(2015) Patrick Kramer, Weidum
(2014) Ait Jan Bouma, Weidum
(2013) Sjoerd van der Vegt, Weidum
(2012) Wybo Smids, Weidum

Jellie en Sabine, jimme tank foar de help!

Foto: PDF-Grafie

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring