9 novimber goait muzykferiening Harmonie Weidum de doarren nei in nije muzikale mearkewrâld fannijs iepen; de muzikanten tsjoene it Weidumer doarpshûs dit kear om ta in wiere belibbingsmerk foar bern, in bernefestival.
Harmonie in Wonderland is in bysûnder opsetten temakonsert fan sawol it A-orkest, de beide jeugdorkesten en de learlingen fan de Weidumer slachwurkôfdieling. Op de belibbingsmerk kinne bern kreatyf dwaande, fersiere se de lekkerste taartsjes, wurde gesichten sminkt, jouwe slachwurklearlingen miny-optredens en noch folle mear. Klapper fan de dei is it ynteraktive filmkonsert mei prachtige bylden én muzyk yn de styl fan wrâldferneamde animaasjefilms.
De kaartferkeap sjit troch it dak, om elts de kâns te jaan Harmonie in Wonderland te belibjen is der om 13:00 in ekstra foarstelling. Kaarten bestelst fia deselde link: www.harmonieweidum.nl