Nei it fuortblazen fan de Alvestêdefytsers yn Boalsert wie it de heechste tiid om in frijwilliger yn ’t sintsje te setten. Al sûnt 2012 geane wy tegearre mei Wybo, Sjoerd, Ait Jan, Patrick, Klaas, Harm, Klaas, Pytsje, Jan, Theun en Ine op ‘e kofje by wér in nije Frijwilliger fan ’t Jier.
Op ‘e eftergrûn, mar áltyd ien telefoantsje tichtby; taart en blommen wiene der hjoed foar Joannes van der Weij!
Joannes stiet altyd ree mei it beskikber stellen fan syn lân; as parkearterrein, camping, festivalterrein of foar de gekste merkespultsjes. En as it âld papier werris heech boppe de container útstekt, is hy der altyd om ús út de brân te helpen.
Joannes, tige tank!!
De earegalerij:
(2024) Joannes van der Weij, Weidum
(2023) Ine Sikkema, It Wiel - Weidum
(2022) Theun de Leeuw, Wergea
(2021) Jan Bosma, Weidum
(2020) [Covid]
(2019) Pytsje Bosma, Weidum
(2018) Klaas Ploegh, Weidum
(2017) Harm Hallema, Weidum
(2016) Klaas Rodenhuis, Easterlittens
(2015) Patrick Kramer, Weidum
(2014) Ait Jan Bouma, Weidum
(2013) Sjoerd van der Vegt, Weidum
(2012) Wybo Smids, Weidum
Jellie en Sabine, jimme tank foar de help!
Foto’s: PDF-Grafie