HYPERDEPYP

15 juli 2024

Mei wat gelok waaiden de buien juster om Weidum hinne en sa kaam it dat wy in hearlik muzikale middei hiene by Nij Dekama. En dat net allinnich, we hiene ek werris wat te fieren!

Jeltsje 40 jier lid!
“Oait, lang lyn, as lytse Jeltsje mochtesto ék op muzykles. Sa logysk as wat, want pake Eelke, heit Albert, tante Tryntsje, tante Durkje en ek dyn alderleafste grutte sus Sepkje giene dy al foar; Harmonie Weidum wie en is de blauwe tried binnen jim famylje.

In cornet waard it en tegearre mei Marjan Wijbenga en Hindrik van Dijk tôgesto elke wike nei de muzyklessen fan Sietske Fritsma. Do wiedest net de grutste fan it stel en hiedest Hindrik al rillegau sa fier dat hý dyn koffer nei it doarpshûs sjouwde.

Yntusken is de Tamminga-famylje flink útwreide; der kamen muzikale tantesizzers en ek jim Yme, Pyke en Kiki-Yfke ha alletrije blau bloed. It Harmoniefirus is sels oersprongen op Patrick. Altyd en oeral kinne wy in berop op dy dwaan, op dy en op jim hiele gesin.

As Harmonie Weidum jouwe wy dy hjoed graach dizze ûnderskieding, in oarkonde foar dyn 40-jierrich jubileum. Mar sa ast hooplik begrypst, is de wurdearring folle grutter dan inkeld dit stikje papier.”

Tank Johannes & Tjeerd, tank Nij Dekama, tank oan alle taskôgers; we sjogge jimme 27 july op de Ald Meijers, 21 augustus op de Froulju’s PC of fanséls yn de Jorwerter Notaristún!

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring