Keninklike Earepenning foar Harmonie Weidum
28 november 2023
Alde notuleskriften, kranten út de 19de iuw, doazen fol foto’s en plakboeken: Yn Weidum
hat muzykferiening Harmonie Weidum e.o. har skiednis yn kaart brocht. Net om ‘e nocht fansels. Der libbe binnen it bestjoer it idee om de figuerlike kroan op de feriening te setten. “Dat is de brobbel yn de sjampanje,” mimere de foarsitter oan de ein fan de Covid-pandemy noch. Dy kroan kaam der werklik op 10 novimber: Boargemaster Buma rikke de feriening doe de Keninklike Earepenning út.
De Keninklike Earepenning is in eareteken dat ferliend wurde kin oan ferienings, stiftings of ynstellings. It symbolisearret it respekt en de wurdearring dy’t de Kening hat foar de bysûndere fertsjinsten fan de ûntfanger. De ûntfangende feriening moat yn oansjen stean tusken ferlykbere ferienings. Dernjonken is it fan belang dat in feriening har ûnderskieden hat op har terrein. It die dy freedtejûns yn it Weidumer doarpshûs bliken dat it ‘Zijne Majesteit de Koning behaagd heeft muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. de Koninklijke Erepenning toe te kennen’!
Syktocht
“It wie in hiele syktocht om alle gegevens boppe wetter te krijen,” seit foarsitter Janneke de Boer. “In goed argyf hiene wy net, mar der moast in in bewiis fan âlderdom of oprjochtingsakte oerlein wurde.” Dat bewiis is fansels fûn, yn de foarm fan it alderearste notuleboek út 1898. Boppedat fûnen hja fia Delpher [Red.: Website mei û.o. digitalisearre histoaryske kranten] de earste oprop út 1896 ta it opsetten fan in fanfare. Dy oprop wie trouwes gjin sukses: “Ha nee! Yn de Franeker Courant fan 4 septimber 1896 stie dat der mar trije belangstellenden op ôfkaam wiene. Mar twa jier letter, op 27 febrewaris 1898, gie it feest wol troch en seach Fanfara Corps Harmonie it libbensljocht. ” “As muzykferiening hawwe wy al in machtich moai jier hân. Mei as hichtepunt it jubileumkonsert op 10 juny. In hûd fol wurk, mar bliksem wat in prachtich moai feest op it Weidumer keatsfjild. Begjin novimber ha wy by ús reüny mei mear dan 150 reünisten werom- mar seker ek foarútsjoen, dat wie ek in prachtdei.” It trajekt rûn de oanfraach fan de Keninklike Earepenning naam aardich tiid yn beslach en sa kaam it dat it bestjoer in spesjale slútjûn organisearre om alle belutsenen oan de ein fan dit jubeljier te ferrassen.
Grinsferlizzend
“Mei De grutte KROAN NOAT & TOAN slútjûn, ja ik wit it, it kin hjir noait simpel, woene wy elk betankje en tagelyk in weardich momint kreëarje foar de útrikking. Dêrom hawwe wy ek doarpsbelang It Nut, stifting Doarpshûs Weidum en de redaksje fan doarpskrante De Rûnkranter útnûge. As feriening fiele wy ús altyd bot troch harren stipe. Mar dy stipe fiele wy ek fan boargemaster Buma. It is prachtich dat ús boargemaster mei syn Weidumer roots de útrikking foar ús dwaan koe, dat wie de slachrjemme op ‘e oranjekoeke.” De boargemaster fan Gemeente Ljouwert wie yn syn taspraak fol lof en sei ûnder oare: “Ien fan de betingsten om yn de beneaming te kommen foar in Keninklike Earepenning is, dat de feriening wat aard, omfang en solidariteit oangiet in algemien erkend plak ynnimme moat. Harmonie Weidum foldocht dêr seker oan en ûnderskiedt him op ferskate wizen: It bysûndere fan de meloadyske perkusjeband, de organisaasje fan grinsferlizzende temakonserten en it feit dat de feriening de Fryske kultuer net út it each ferliest. Al tiden is de feriening nammentlik ferbûn oan de Fytsalvestêdetocht, it Jorwerter Iepenloftspul en keatsferiening Nije Kriich. Ek bysûnder, sûnt 2020 stipet de feriening skoalmuzyklessen op sân basisskoallen troch ûnder mear it oanbieden fan ynstrumintarium.”
Findels & klanklânskippen
Mei respekt foar de skiednis wie tidens de feestlikheden ek it âldste findel yn folslein restaurearre steat te sjen. De Boer dêroer: “It findel út 1908 is troch in spesjalist hielendal opknapt. It is in bysûnder erfstik wat neffens ús bewarre bliuwe moat.” En krekt lykas by de reüny seagen de muzikanten net inkeld achterom. De jûn begong nammentlik mei in bysûndere komposysje fan malletbandlid Yme Kramer. Klokslach acht oere klonken de alderearste toanen fan syn nagelnije stik: “In klanklânskip oer hoe’t bern grut wurde mei Harmonie Weidum. Oer mei je alderearste drumstokjes ûnhandich begjinne, op in trompet de earste gekke toanen meitsje. Oer je hielendal kapotskamje yn je pubertiid. Mar ek oer hoe’t leden al rom 60 jier muzykmeitsje, en sa part fan ús dielde skiednis wurden binne. Oer hoe’t dat ynearsten fierstente grutte unifoarm je mei de tiid past as in waarme jas. In klanklânskip as knypeach nei ús takomst, want nei 125 jier kaam der mei dit nije wurk wer in folslein nij lûd út ús feriening. Yme hat prachtich wurk levere,” seit De Boer dêroer. Fernije sit de Weidumers yn it bloed.
« terug