Sneontemoarn stapte in grut diel fan ús fanfare yn in reinich Hârns op de boat nei Flylân, de toeters yn de bus, sliepsek ûnder earm en mei in goed sin gie it oan.
Tegearre mei it Vlielands Fanfarecorps en Apollo-Foarút Aldegea hiene wy in play-in op it eilân. Strieljend moai waar, in hiele protte muzyk en noflike minsken makken it ta in ûnferjitlik wykein: Sin en wille kin folle tille!
Vlielanders, Gellius, Ria en Aldegeasters; tige, tige tank!