Gewoan, bûtengewoan

16 juni 2023

Spesjaal foar 'KROAN NOAT & TOAN Harmonie Weidum 125 jjier oan' skreau komponist Menno Bosgra de komposysje ‘Weidumer Rapsody’.
Yn de prolooch fan dit fjouwerdielige wurk is in spesjaal gedicht opnaam fan Weidumer Tjerk Kooistra. Piter Wilkens drage dit tidens it konsert foar. Wy diele dit pearltsje hjir graach mei jimme. En Tjerk, nochris tige, tige tank!

Gewoan in bûtengewoan korps
Harmonie mei ik ien kear mei dy prate
Mei dyn lûd as ynstrumint, myn stim as toan
Harmonie ik wol dy graach poëtysk tsjutte
Mar do seist dan grif it leafst: doch mar gewoan

Want al 125 jier bisto it lûd fan elk feestje,
Sitst yn al dy tiid yn al it doarpsfertier beferzen
Myn harmonie wat bisto dêryn goed!
Mar foaral hiel goed yn “gewoan” it korps te wêzen

In korps dy’t spilet de iene dei foar feest en fleur
De oare dei is dyn muzyk de salve foar fertriet
Dyn muzyk giet de iene kear as feest troch de buorren
Op it oare momint spylje jim in pracht fan ôfskiedsliet

Harmonie, do bist dysels sa dus al mear as hûndert jierren
Blaasdest yn trije iuwen hjir al fan de heechste toer
Bleaust tiidleas troch mei de tiid te flirten
Want wa’t dûnset mei de tiid mei, bliuwt wol oer

Do joechst ús skiednis in kleur fan klank en lûden
Faak de boppetoan, en soms inkeld behang
Mar by alles wat der yn Weidum en omkriten barde
Dêr wiesto by, al dik hûndert jier no lang

In Harmonie fan soms tsjinstelde lûden
Dy’t elkoar oanfolle as wie’t in arranzjemint
In rykdom fan tûzen en ien klanken
Yn goede banen liedt troch de dan sittend dirigint

En Harmonie bliuw lûd en jou ús leven
Jou ús toan en slaan it ritme fan ús dei
Do joust meldij oan de leefberens fan de doarpen
Sa langs’t dat kinst, sa lang giesto noch mei

Pak soms út en fier dan grutte feesten
Doch bysûnder, wês kreatyf, bûtengewoan
It feest en it jubileum fan hjoed
Sy binne de prelude fan in nije moarn

Mar ferjit foaral ek net
Dat oan de ein fan elke polonêze
Asto myn korps ergens goed yn bist
Dan is dat foaral yn ‘gewoan’ in korps te wêzen

Troch: Tjerk Kooistra

 

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring