Harmonie Weidum 125 jier jong

13 juni 2023

KROAN
NOAT & TOAN

Harmonie Weidum 125 jier oan | de latte jier op jier heger

 “Dêr steane je dan as foarsitter. Je kinne in soad oer my sizze, mar dat speeche foar 500 man in hobby fan my is, dát yn alle gefallen net.
Dochs stean ik hjir graach. En grutsk. Want krekt lykas by safolle oaren is der yn myn libben altyd en ivich (blaas)muzyk: Harmonie Weidum is de blauwe tried yn myn bestean.

Fan dit plak ôf in waarm wolkom oan boargemaster Buma. Wy binne der wiis mei dat jo, alle taskôgers mar seker ek safolle Weidumers dit feest hjoed mei ús fiere wolle. Want wat soe muzykferiening Harmonie Weidum wêze sûnder dit doarp en har ynwenners.
Yn Weidum freegje wy gauris in soad fan elkoar; de latte moat alle kearen heger, de Krystbalseal moaier, de merkespultsjes gekker en de konserten fan 'e Harmonie grutter. Dit kin allinnich mar as de Weidumers, in tikkeltsje eigensinnich fan aard, de blik foarút hâlde, skelen fansiden skowe en om Andrys-fan-de-winkel te quoten: ‘De fleur der mar wat ynhâlde, dan hat in oar der ek wat oan!’

It wie begjin 2020 doe't Andrys dit sei. Corona wie ek yn Fryslân en as alderearste waard it bûnskonkoers foar de fanfare ôflaske. As foarsitter tocht ik doe noch dat ús feriening yn gjin tiid wer los wêze soe. Neat wie minder wier. Op de repetysje nei de earste lockdown hie iksels de triennen yn de eagen; wat hie ik dít mist. Yn de maitiid fan '22 mochten we dan lang om let écht wer los. In spannende tiid foar ús as bestjoer; soe alles wol wer goed komme?

En sjoch no; de feriening brûzet en gûnzet. Dêr binne wy as bestjoer allemachtich wiis mei. En as kers op 'e taart binne wy ek noch jierdei!

127 jier lyn, yn 1896, fûn in stel Weidumers dat der in fanfare komme moast. Der waard in oprop dien en in gearkomste belein. Yn de Franeker Courant fan 4 septimber dat jier wie te lêzen dat der mar 3 belangstellenden op ôfkaam wiene… Hielendal gjin sukses dus...

Twa jier letter gie it wol oan. Men gie mei de ponge troch it doarp en dit smiet leafst 95 gûne op. Yn fraaie krolletters stiet der yn it alderearste notuleskrift dan ek te lêzen dat men miende dat de finansjele beswieren sa foldwaande oan kant wiene en op 27 febrewaris 1898 seach Harmonie Weidum it libbensljocht. Wie der earder noch in suksesfolle majorette-ôfdieling en in ferneamde Boerekapel, hjoeddedei bestiet de feriening út in malletband, in grutte jeugdôfdieling, in dweilorkest en in fanfare.

In fanfare dus, gjin harmonie. Ik wit it, it soarget mei regelmaat foar betizing. Foar de minsken dy't neat fan dy 'korpseboel' ôfwitte: In harmonie hat ûnder oare hobo's, fagotten en klarinetten. Mar Harmonie Weidum hat dan wer marimba’s, xylofoons en Ria en Johannes. Dúdliker wurdt it net ; )

125 jier muzyk yn in taspraak fan inkelde minuten; dat slagget net. Mear dan in iuw muzykmeitsje smiet safolle hichtepunten op. Mar ek persoanlike, muzikale en organisatoryske djiptepunten. Benaud dat ik immen ferjit, wol ik hjir gjin nammen neame fan harren dy’t ús ûntfallen binne. Mar dizze sprekwurdlike kroan op de feriening is ek foar harren.

Mei help fan doarpsbelang It Nut en Hessie en Gerry sitte wy hjir hjoed yn nagelnije klean. De kolbak hawwe wy op 'e plank lein, dernjonken lizze de swarte sokken en it blauwe giletsje. Krekt lykas dit doarp, wol ús muzykferiening alle kearen wer in bytsje moaier, grutter, better.

It muzikale program fan 'e jûn nimt jim mei troch it wêzen fan Harmonie Weidum. En no, sa nei it skoft, wolle wy jimme ferrasse mei hiel spesjale wurken. Komponist Menno Bosgra is ferantwurdlik foar de nije komposysje “Weidumer Rapsody”, in reis yn fjouwer dielen troch de skiednis fan Harmonie Weidum. Ria Fennema, Johannes Terpstra, Yme Kramer en Martijn Oostra tekenen foar de nije arranzjeminten wêrmei’t hjoed beide ôfdielings ien wurde.

It wie fannijs in hûd fol wurk, mar sy hawwe werklik peareltsjes ôflevere. Genietsje, en gean mei ús mei, fan doe.., nei no. Want wy hâlde de fleur der yn, dan hawwe jimme der ek wat oan!"

Frijwilligers, besikers, stipers, fûnsen, kombo, artysten, technisi, leden, lieding, kommisjeleden, Terpbewenners & Weidumers; BEDANKT, it wie it feest fan de iuw!

Ut namme fan it bestjoer en de jubelkommisje,
Janneke de Boer

Foto's: PDF-Grafie
NB. Letter dizze wike folgje der mear foto's en sille wy ús frijwilligers en stipers útwreide betankje.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring