125 jier Harmonie Weidum e.o.

27 februari 2023

Wy binne jierdei! En dát fiere we
It is 27 febrewaris 1898. Njoggen Weidumers fine, it moat mar wêze. Ferskate doarpen yn 'e omkriten hawwe al in muzykkorps, Weidum moat ek in fanfare ha. Dat wie it begjin.

Hjoed op de dei presys is it 125 jier lyn dat muzykferiening Harmonie Weidum e.o. oprjochte waard!

Dát fiere wy, mei jimme, it hiele jier. Mar spesjaal op sneon 10 juny:
NOAT & TOAN
Harmonie Weidum 125 jier oan
In unyk iepenloftbarren op it smûkste keatsfjild fan Fryslân. Ien machtich moai grut orkest, gastmuzikanten, spesjale muzyk, echt hiele stoere optredens fan ús jeugdôfdielings, in grut iepenloftpoadium mei in noflike tribune en dat alles midden yn ús Greidhoeke-doarpke.

Wês derby, bestel hjir dyn kaarten.
 

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring