Wy wiene wol nijsgjirrich nei wat in heks as Hennie allegearre dwaande hâldt en spesjaal foar Op ‘e Skille stiet se ús te wurd. Hâldt se fan taartebakken? Is se miskien, krekt lykas it korps, gék op it meitsjen fan muzyk? Hat se in echte glêzen bol? Kom hjir yn ’e kunde mei Hennie en lês gau fierder.
Troch Janneke de Boer
De âld doar kreaket lûd as Hennie ‘m iependocht en mei har hise stim seit: “Ah, wiedesto dêr al fanke? Kom deryn, kom deryn!”
It is roettsjuster yn ‘e keamer, mar wat fierderop sjoch ik in skitterjende bol stean.
“Wat is dát foar moais, frou de Heks?”
“Moai hè fanke? Dát is myn glêzen bol. Kom no mar mei nei de keuken, de tee stiet klear.”
Mei in glês brânnetteltee ploffe we beide yn in stoel njonken in mânske tsjettel. Se aait Helmer stadich oer de rêch. De kat njesket har hearlik op Hennies skoat, yn ‘t fermidden fan har grutte griene rok.
“No fanke, do woedest graach witte wat in heks allegearre docht, toch, sa troch-in-deisk? Ik sis it dy, heksen hekse echt net de hiele dei, hear. Moarns lis ik hearlik lekker lang op bêd en wachtsje krekt salang oant de postboade delkomt mei syn pakjes. Helmer bringt my moarns ek gauris in kadootsje. Gelokkich drave dy meastentiids hiel rap fuort! Wannear’t ik de moarnsgymnastyk dien ha, of wannear’t ik in beswarrend ferske op myn sopsaks spile ha, meitsje ik in kopke spierballe kofje klear en sjoch ik yn myn glêzen bol. Kom, wolst ‘m ris sjen?”
In snúfke moed, in hantsjefol sliepsân
Dy glêzen bol hie ik al sjoen, mar ik rin mei Hennie de Heks werom nei de keamer. Yn de bol sjoch ik strieljende stjerren. Wol safolle as yn de molkwei. “Moai hear frou de Heks, brûke jo dit om stjerren te lêzen?”
“Nee fanke, lêze net. Yn dy bol sjoch ik alle dagen de alderleukste bisten. Leave lama’s, grappige gecko’s, frjemde fûgels, wylde waskbearen en dryste dingo’s. Dat is allegearre leuk en aardich, fansels, mar ik moat se ek gauris út ‘e brân helpe. In iikhoarn mei hichtefreze, in sliepeleaze bear of in hin sûnder man. Mei myn bysûndere toverkeunsten jou ik se dan in snúfke moed, in hantsjefol sliepsân of gewoan in lekker fette hoanne. En *poef* oplost is ‘t probleem!”
“No, dat fyn ik wol hiel leaf fan jo, frou de Heks, dat jo al dy bisten helpe,” antwurdzje ik fleurich.
Wannear’t ik in skoftke letter har lytse heksehúske ferlit sjoch ik noch krekt in glimp fan in ienhoarn yn de glêzen bol. Wat soe dêr mei oan de hân wêze?
Untdek it by ‘Hennie de Heks giet út har bol’!
Dizze famyljefoarstellings binne in gearwurking fan Wiepkje Castelein as Hennie, hoorniste Hanna Guirten fan it Noord Nederlands Orkest en de fanfare ûnder lieding fan Ria Fennema. De alderleukste heks fan de Greidhoeke sjochst 29 en 30 oktober yn it Weidumer doarpshûs: www.harmonieweidum.nl
Dizze foarstelling wurdt mei mooglik makke mei tank oan Gemeente Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Douwe Kalma Stichting, Feitsma Fûns, Arjen Witteveen Fûns, Ritske Boelema Gasthuis, Boersma Adema Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Het Nieuwe Stads Weeshuis, Fonds Bolsward Dronrijp, Old Burger Weeshuis, Prins Berhard Cultuurfonds, Stichting Siebolt Foudation, Feriening Greidhoeke Fûns, Stichting Allardsoog en Doarpsbudzjet Weidum. TIGE TANK!