Hennie de Heks | Kaartferkeap

18 oktober 2022

De alderleukste heks fan de Greidhoeke is werom! Sneon 29 en snein 30 oktober dûkst in muzikale mearkewrâld yn mei Hennie de Heks en Harmonie Weidum e.o.. De heks hat in skoftke op reis west, mar no is se werom yn Weidum – meí poes Helmer! Mar Helmer is net it ienichste bist wat de besikers dizze dagen moetsje… Bearen, hinnen, neushoorns en liuwen drave dit wykein ék troch de bosk!  Mei it projektplan Hennie de Heks wûn de Weidumer fanfare begjin 2020 in solist fan it Noord Nederlands Orkest. De bernefoarstelling kaam troch corona (-lockdowns) al dy tiid net op de planken. Mar dizze hjerst nimme Wiepkje Castelein as heks, Gastspiler Hanna Guirten fan it NNO op hoorn en it korps ûnder lieding fan Ria Fennema jong en âld opnij mei yn it libben fan de bysûndere heks.  

‘Hennie de Heks giet út har bol’ is in diel út de suksesformule fan de Weidumers, de seal stie by oare edysjes op ‘e kop. De foarferkeap is no iepen: www.harmonieweidum.nl 

Dizze foarstelling wurdt mei mooglik makke mei tank oan Gemeente Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Douwe Kalma Stichting, Feitsma Fûns, Arjen Witteveen Fûns, Ritske Boelema Gasthuis, Boersma Adema Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Het Nieuwe Stads Weeshuis, Fonds Bolsward Dronrijp, Old Burger Weeshuis, Prins Berhard Cultuurfonds, Stichting Siebolt Foudation, Feriening Greidhoeke Fûns, Stichting Allardsoog en Doarpsbudzjet Weidum. TIGE TANK!

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring