Frijwilliger fan ’t jier 2022

7 juni 2022

Nei in hiel wiete start fan de Fytsalvestêdetocht ôfrûne moandei, wie it fannijs tiid foar ús Weidumer Frijwilliger fan ’t jier-aksje! Mei’t wy al wiet genôch reint wiene, wie de útrikking yn it droege doarpshûs, better plak kinne je ommers net krije.

Klaes Tilma hie it wurd en priizge de persoan goed. Us frijwilliger fan ’t jier is nammentlik altyd en sûnder betinkst foar ús as muzykferiening yn it spier. By de Bangmapartij, de Froulju’s PC, by it Jorwerter Iepenloftspul, tidens muzykfestivals en wat al net mear. 
Wannear’t wy muzikaal sjoen oansitte mei de besetting, dan hoege we de fraach mar te stellen en der wurdt serieus oer neitocht, en as it in bytsje kin, dan is dizze man derby. 

Welke man?
Teun de Leeuw fan Wergea helpt ús (as net-lid dus) Weidumer fanfare al jierrenlang út de brân, immen wêr’t wy op bouwe kinne. En dat allegearre foar sa no en dan in boekebon…

Teun: Tige tank foar dyn grutte stipe, dyn praatsjes oan de bar en fansels foar dyn muzikale steun, minsken as dy binne wier ûnmisber! 
Dat blauwe lintsje hast dûbel en dwers fertsjinne, en wy hoopje datst in lekker miel iten hân hast mei Haayo en dyn seksjegenoaten Johanna, Coby en Sepkje.

De eregalerij: 
Teun de Leeuw, Wergea (2022)
Jan Bosma, Weidum (2021) 
[corona] - (2020) 
Pytsje Bosma, Weidum (2019) 
Klaas Ploegh, Weidum (2018) 
Harm Hallema, Weidum (2017) 
Klaas Rodenhuis, Easterlittens (2016) 
Patrick Kramer, Weidum (2015) 
Ait Jan Bouma, Weidum (2014)
Sjoerd van der Vegt, Weidum (2013)
Wybo Smids, Weidum (2012) 


Mei grutte tank oan: Jellie Tilma, Sabine Tamminga foar it moarnsbrochje, Klaes Tilma foar de moaie en wize wurden en Wybo Smids foar de plaatsjes.

#teamblau
#sûnt1898

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring