Yn Weidum gie de muzyk hjoed wer troch de buorren!
Nei in jier fersake te hawwen, fûnen wy as muzykferiening it héech tiid om mei in beheind tal muzikanten, ús eardere Frijwilligers fan ’t jier, in hantsjefol famyljeleden en de froulju fan de catering op oardel-meter-besite te gean!
Jan Bosma waard hjoed yn it sintsje setten; Jan is al desennialang as frijwilliger en bestjoerder yn’t spier. Klaes Tilma hie tal fraaie anekdoates; Jan op de ljedder om de kleden yn de grutte seal te hingjen, Jan yn ‘e swimbroek doe’t de wetterferbining fan de eardere iisbaan oan- as ôfsluten wurde moast, Jan dy’t alle moandeis de stuollen foar it korps klearset.
Jan: Bedankt foar ál dyn ynset, en wy hoopje dat wy mei ús allen gau wer fan start kinne yn ‘dyn’ doarpshûs!
Sjoerd van der Vegt (2013)
Mei tank oan: Jellie, Sabine, Klaes & Piet.