Start muzyklessen

15 maart 2021

Nei in hiel skoft ferplicht pauze, koene wy de ôfrûne wike einlings wer los mei ús muzyklessen. Tydlik yn in moaie romme priveeromte, sadat we oan alle maatregels foldwaan kinne, grutte tank oan de famylje dy't ús dit ûnderdak jaan kin.
Mei de learlingen wer yn't sadel hoopje wy ek sa stadichoan foarút sjen te kinnen mei de orkesten en de folwoeksen leden; noch eefkes geduld en dan klinke de fleurige toanen fan Harmonie Weidum e.o. wer troch de Greidhoeke.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring