Plan B - Fytsalvestêdetocht
10 maart 2021
Nijs oer de tocht der tochten op de fyts; ek yn 2021 gjin 'gewoane' Fytsalvestêdetocht. Spitich en it giet ús as soartefan ynventaris oan it hert. Mar! De organisaasje hat wat hiel aardichs betocht:
Minsken kinne de rûte fan maaie sels ôf wol sels fytse. Dêrfoar komt der yn de wike foar it pinksterwykein (23 en 24 maaie) in app wêrby't minsken oanjaan kinne dat se de tocht dogge. Dielnimmers bepale dan sels wannear't se fytse, tusken ein maaie en snein 1 augustus. Minsken ha dan 19 oeren de tiid om de tocht te folbringen.
Om grutte drokte foar te kommen, kinne minsken sels bepale wêr't se oan de tocht begjinne. Yn alle stêden, plus Holwert en Aldemardum, komme buorden mei QR-koades. Dêr kinne minsken dan 'digitaal stempelje'.
« terug