Gewoanwei sitte de Fryske tsjerken grôtfol op Krystjûn, tradisjoneel it momint foar omtinken, gearwêzen en in bewyske nostalgy. De reguliere Krystnachttsjinsten komme dit jier faakris te ferfallen en ek smûke Krystkonserten binnen de Fryske HaFaBra-wrâld kinne oer it generaal dit jier net plakfine.
Yn 'e Greidhoeke hawwe se dêr in andert op: “Wy hâlde wol fan in útdaging, ek yn dit aparte jier. Folslein koroanaproof organisearje wy yn gearwurking mei tsjerklike mienskip Westerwert Krystjûn in live Krystnacht-stream. Mei dizze livestream bringe wy, as muzykferiening Harmonie Weidum e.o., Kryst yn de Fryske wenkeamers. Boppeslach is de gearwurking mei dûmny Hinne Wagenaar; tegearre hoopje wy mei dizze opset minsken waarmte en ljocht te bringen,” leit Janneke de Boer, foarsitter Harmonie Weidum e.o. út.
“Alle ferienings hawwe it dreech dit jier; earst de yntelliginte lockdown, dan ferskate online aktiviteiten prebearje, dan repetearje op twa meter ôfstân en dêrnei mei net mear dan 30 muzikanten yn de repetysjeromte. Hoe hâlde je elts by de club? Bûten dat je it as feriening dreech hawwe, hawwe de leden ek har eigen koroana-lijen. Undernimmings dy’t platlizze, ûnwissens, fertriet, ferlies, eangst miskien ek wol. It jier is suver in mentale rollercoaster; yn maart mei entûsjasme spylje by soarchynstellings, letter fol fjoer repetearje en fan’t hjerst lieten je de moedfearren wolris hingje. Mei ús Krystnacht-stream wolle wy mei de harkers eefkes stilstean en tagelyk mei optimisme foarút sjen. Want sis no sels, mei-inoar is alles better.”
De Krystnacht-stream op Krystjûn is fan 21:30 ôf live te folgjen, spesjaal foar soarchynstellings is it mooglik gebrûk te meitsjen fan de fergese service it konsert op 1ste as 2de Krystdei te sjen. De link nei de livestream is te finen fia www.harmonieweidum.nl, soarchynstellings kinne har lâns dy wei ek melde om in aparte link te ûntfangen. De Boer dêroer: “It tydstip is fansels typearjend foar in Krystjûntsjinst, mar wat soe it moai wêze at wy hjirmei folle mear minsken bliid meitsje kinne… Dêrom komme wy hiel graach yn kontakt mei de Fryske soarchynstellings. Hjir dan ek ús oprop ‘Meld jimme oan!’.
Dizze aksje ek stypje? Wurdt Maat fan 'e Muzyk en hâld de muzyk der yn!