En losss!

16 augustus 2020

Moarntejûn starte wy as muzykferiening it nije seizoen mei ús útstelde jiersgearkomste; in gesellige start op oardelmeter ôfstân (mei tank oan Doarpshûs Weidum, dêr is alle romte!).

In seizoen noch sûnder útdaging, kinst ús helpe?
- Tips foar spyllokaasjes foar ensembles frege
- Tips foar konserten foar ensembles frege

Us dweilorkest De Blêdblazers spilet sa no en dan spontaan en op ôfstân op ferskate oanpaste feesten, ferskate jeugdleden fan de fanfare skowe fan oare wike ôf oan by it A-orkest, ús malletband repetearret foar harren jubileum yn 2021 en ek de muzyklessen op de basisskoallen yn ‘e Greidhoeke wurde wer oppakt. 

Nijsgjirrich?
- Muzykles foar bern en jongeren
- Muzykles foar folwoeksenen (mei én sûnder ûnderfining)
- Sels spylje? Belje dan mei Janneke (06 107 701 65)
- Optredens fan ferskate lytse ensembles mooglik

(foto 2019)

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring