Jubilarissen 2020

23 juni 2020

Joechei!
It wie hjoed, bûten dat it heitedei is, in feestdei!
Leafst 6! leden fan Harmonie Weidum hiene dit koroanajier nammentlik in muzikaal jubileum. Dit woene wy perfoarst net foarby gean litte; sy krigen in aubade fan ús muzykferiening, in oarkonde, in sulveren of gouden spjelde en in kado.

  • Jan Suierveld, 60 jier muzikant, is hjoed earelid fan Harmonie Weidum e.o. wurden!
  • Corina Punter: 40 jier muzikant
  • Eize van Ommen: 50 jier muzikant (eins al 52 jier)
  • Helena van der Wal: 40 jier muzikant
  • Sybren van der Heide: 25 jier muzikant
  • Dicky Zijlstra: 25 jier muzikant

    Jan, Corina, Eize, Helena, Sybren & Dicky bedankt foar ál dy muzikale en gesellige jierren, wy plakke der graach noch in hiele protte mei jimme oan fêst!

Foto's fynst hjirre.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring