It is allegearre noch in bytsje oars as oars, mar ús muzykferiening is wer LOS; let's do this!
Sûnt de wike fan 9 maart hiene sawol de malletband as de fanfare gjin 'echte' repetysje mear hân yn ferbân mei it koroanafirus. Nei de online repetysjes fia ûnder oare Zoom, wie it foarige en dizze wike wol hiel fijn om wer muzyk te meitsjen mei elkoar, yn it echt. In pear foto's fan dit bysûndere momint fynst hjirre.