Wûn! NNO

18 januari 2020

'Wil jij een NNO solist winnen?’
‘Ja! Fansels!’ seine se by #teamblau 👉 Dus hop, yn ‘e pinne en nei de lêste puntsjes op de I set te hawwen, koe it plan âldjiersdei nei de organisaasje: It NNO, Fulkaan, Keunstwurk en it OMF.

Hjoed, tidens it konsert NNO goes HaFaBra [wêr’t sawol Soli Brass, it Noord Nederlands Jeugdorkest én it Noord Nederlands Orkest bysûnder moaie wurken hearre lieten!] waard bekendmakke hokker fan de 16 dielnimmende ferienings de solist wûn hie.
Sawol fanfare Wilhelmina Easterein 👏 as Harmonie Weidum e.o. rôpen ‘Jûchhei!’ want beide ferienings út de Greidhoeke wiene útkeazen en foelen yn de prizen!

Wy hiene in plan yntsjinne wêrby’t wy hiel graach in tromboanespiler winne woene, want ‘Tromboanisten binne unyk, stelle de sjo & betsjoene jong én âld!’
Op de eksakte datum komme wy werom, mar jim hearre en sjogge de NNO solist fan ’t hjerst yn aksje by Hennie de Heks, diel 3!


NNO, Fulkaan, Keunstwurk en it OMF: BEDANKT, we meitsje der wer in feest fan!

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring