Wat folge wie in trajekt fan nije stappen; “We hawwe it oer strukturiele muzykles foar leafst 316 bern: Alle bern yn de groepen 1 oant en mei 8 fan de basisskoallen It Pertoer Weidum, De Pikeloer Wiuwert, Dûbelspan Boazum, De Fôlefinne Easterwierrum en De Gielguorde Mantgum, dat is noch wol in puzeltsje,” seit Janneke de Boer, foarsitter Harmonie Weidum e.o.
KEK2, foar de boarging fan kultuerûnderwiis, seach de plannen fan Gearhing OT-Noord en de muzykferiening wol sitten. Marieke Andela, meimakker by KEK2: “Met een koppeling naar een teach-the-teacher insteek, zagen wij deze plannen wel zitten. Het doel vanuit de gedane KEK2 aanvraag is leerkrachten enthousiasmeren en bekwamen om muziek zodanig toe te passen in het lesprogramma dat dit een vanzelfsprekendheid en blijvend geïntegreerd onderdeel wordt op de vijf scholen."
Doe’t de plannen en de finansearringsmooglikheden konkreter waarden, socht Harmonie Weidum kontakt mei de Easterwierrumer fanfare: “We waarden op ‘e hichte brocht fan de ferrassende plannen; geweldich! Soks is foar muzykferienings as uzes in dream, wannear krije je dat no foar elkoar? Wy binne tige ynnommen mei de op skoalle yntegrearre muzyklessen en wolle ien en oar ek graach ûndersteune,” seit Ate Haagsma, foarsitter Ons Ideaal.
Alle partijen binne it roerend iens dat kultuerûnderwiis fan belang is by it ûntwikkeljen fan, yn harren eagen, ûnmisbere 21ste iuwske feardigens as kommunisearje, gearwurkje en selsregulearring; “Kultuerûnderwiis is ûnmisber. Tegearre mei fakdosint Amber Dragtsma soargje wy der mei ús allen foar dat de learlingen yn Wiuwert, Boazum, Easterwierrum, Mantgum en Weidum breed, oantreklik én oansteklik profesjoniel muzykûnderwiis krije, in boppeslach,” slút De Boer ôf.