100 jier radio🎶
Buro De Vries (Geartsje de Vries, Omrop Fryslân) wie snein 3 novimber op besite yn it doarpshûs fan Weidum, om it libben en wurk fan Hans Henricus Schotanus à Steringa Idzerda te betinken. Kommende woansdei is it nammentlik 100 jier lyn dat de berne Weidumer as alderearste fan 'e wrâld in kommersjele radio-útstjoering de ether yn slingere.
Hanso, syn ropnamme, wie in technysk man mei in grutte ynteresse yn ferskate stjoertechniken.
De live útstjoering is werom te harkjen fia Omrop Fryslân.
Mear foto's fynst ûnder 'foto's'.