Idzerda

29 oktober 2019

Op 6 novimber 1919 makke yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda de earste radio-útstjoering fan Nederlân. As earbetoan oan him en 100 jier radio, komt Buro de Vries op 3 novimber mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan dizze radiopionier. Harmonie Weidum sil spesjaal foar de gelegenheid 3 fan de nûmers út dy alderearste útstjoering live hearre litte. Publyk is fan herte welkom, om 11.00 oere yn it doarpshûs yn Weidum. De tagong is fergees.
 
Sjoch/lês fierder by Omrop Fryslân
Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring