Stipe Rabobank Coöperatiefonds

10 oktober 2019

Fan ‘e middei mochten wy op besite by Rabobank Heerenveen, op útnûging fan it Rabobank Coöperatiefonds.
Dizze middei waarden der 10 sjeks útrikt oan 10 ferskate organisaasjes.
Us Pytrik en Sybren hiene it koöperaasjefûns stipe frege by de oanskaf fan meardere nije ynstruminten, mei de sjek fan €7500,- kin der in start makke wurde mei de ferfanging fan âlde ynstruminten en/of de oanskaf fan nije ynstruminten.

Wy binne it koöperaasjefûns tankber foar harren finansjele stimulâns, sadat wy yn ús feriening ynvestearje kinne en jouwe harren dan ek graach in dikke plom foar harren ynset foar lokale (kulturele) organisaasjes.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring