Sko oan, doch mei!

27 september 2019

Sko oan en doch mei!
Mei de start fan it nije seizoen skowe jong en âld oan en dogge mei; in protte jongeren kieze foar proeflessen by #teamblau om sels te ûnderfinen oft muzykmeitsjen wat foar harren is. Herintreders gripe it seizoen oan om harren passy fan eartiids wer op te pakken en wurde ûnderdiel fan ús muzikale freoneploech.
We hawwe yn guon seksjes spesifike fakatueres, stiet dyn ynstrumint of foarkar der net tusken? Sykje dan wól kontakt; tegearre komme wy der altiten út : )

🔹Soe dyn soan of dochter ek graach ris in proefles hawwe wolle?
🔹Hellesto dyn ynstrumint ek út ‘e wylgen?
🔹Wolst sels ek op muzykles?

Starte mei muzyk kin altyd, op eltse leeftyd en boppedat hawwe wy in grut ferskaat oan ynstruminten! 
Opjaan kin fia info@harmonieweidum.nl of sykje kontakt mei ien fan ús bestjoersleden.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring