Grutsk op ús B-roekies en diriginte Ria Fennema! Sy fersoargen sneon 29 juny in spetterjend optreden op it jeugdorkestenfestival yn ‘e Harmonie yn Ljouwert.
En ek noch in priis wûn: Dé solistepriis - kategoary begjinners foar Ayso & Piter!
Wat in toppers dizze twa, se sitte noch mar in heal jier op les...
De B-roekies stiene der kreas op yn nije sjirts, mei mooglik makke troch de Poiesz Jeugd Sponsoraksje & Studio Smids!
Dizze wike hiene mear leden fan Harmonie Weidum e.o. feest: Fedde, Doutsen, Lisa, Aaltsje, Lonneke en Kiki binne alle 6 slagge foar harren muzykeksamens!