Fakansje

26 juni 2019

Fakânsje!
Mei noch in pear aktiviteiten op `e aginda, is ús fakânsje yn oantocht; wy hawwe in pracht fan in seizoen hân mei DOKpop, ús Mate-aksje, it ONSK, it GSF, de Club van het Jaar ferkiezing en fansels it bysûnder prachtige Oare Fyzje SjongFestival en noch folle-folle mear!
Soks kin fansels inkeld mar mei tige belutsen leden, in entûsjaste achterban, yn in kreatyf doarp, mei profesjonele lieding, troch bliere taskôgers, mei boppestebêste stipers en mei tank oan ús ‘Maat fan `e Muzyk' freoneploech; tank allegearre!
 
Op `e aginda:
27 juny - Merke Jorwert
28 juny - Kuiertocht IBS It Pertoer, Jellum
29 juny - Jeugdorkestenfestival, Ljouwert
29 juny – Muzykeksamens koperlearlingen
30 juny - Simmerkonsert De Herbergier, Bartlehiem
10 july - Merke Weidum
Fakânsje!
21 augustus - Froulju's PC Weidum
31 augustus - 28 septimber - Iepenloftspul Jorwert
29 septimber - Zondagmiddagconcert Ljouwert
5 oktober - Play Inn 'Littenseradiel', Weidum
26 oktober - Muzykdei! Weidum
 
Oant healwei augustus, op it moaiste keatsfjild fan Fryslân!

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring