Harmonie Weidum Club van het Jaar?

28 mei 2019

Muzykferiening Harmonie Weidum e.o. hat de wyn der dit seizoen knap ûnder: Nei harren suksesfolle Mate-aksje, de útferkochte foarstellingsrige Oare Fyzje Sjongfestival en dielname oan sawol it ONSK  as it Gouden Spiker Festival dogge de muzikanten út Weidum en omkriten no mei oan de Club van het Jaar ferkiezing.

,,We hawwe de ôfrûne tiid de hannen aardich fol hân oan de feriening ja, mar soks entûsjasmearret ek o sa. Nei alle berjochtjouwing oangeande ús nije Mate-aksje hawwe wy leafst 87 maten yn ús muzikale freoneploech opnimme kinnen, dat is werklik skitterjend en stimulearret bot! Op’t stuit dogge wy mei oan de ferkiezing Club van het Jaar, in earetitel dy’t earst gemeentlik, dan provinsjaal en ferfolgens lanlik rint. Yn sawol de 1ste, de 2de én de 3de tuskenstân steane wy yn gemeente Ljouwert en yn Fryslân boppe-oan, dat is hast net te leauwen,” leit Janneke út. 

De organisaasje is fan miening dat Harmonie Weidum ûnderskiedend is en in ferhaal te fertellen hat wat sjoen en heard wurde mei. Njonken de wurdearring ûntfange de winners it predikaat ‘Club van het Jaar 2019’: ,,It soe fansels fantastysk wêze dat ús muzykferiening nei al it hurde wurkjen fan de ôfrûne jierren dizze titel krije soe. It soe in hiele eare wêze. Earlik sein, ús leden en efterban fertsjinje sawisa in hiele dikke plom, fyn ik,” follet se entûsjast oan.

De ferkiezing rint oant en mei 24 juny, om gemeentlik, provinsjaal of sels lanlik winner te wurden hawwe de Weidumers (mear) stimmen noadich; stimme kin oant 7 juny fia www.clubvanhetjaar.nl/harmonie-weidum-e.o. of gean nei de homepage fan harmonieweidum.nl en klik troch nei de oranje Club van het Jaar poster. 

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring