Reaksje HW - ophef subsydzjes

19 april 2019

‘Well. That escalated quickly…’

In nagelnije donateursaksje ûnder de oandacht bringe wolle en as reaksje fragen dy’t yn ‘e Ljouwerter ried steld wurde… 
Dát wie hielendal ús doel net.

Fantastysk wol, dat it wolwêzen fan in muzykferiening elts sa oan it hert giet en Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante, de FNP en ek it Frysk Deiblêd oandacht hawwe foar it ûnderwerp. (artikels fynst fia de linkjes)

Heus fine wy wol wat fan de hjoeddeistige tendins wat kulturele subsydzjes oanbelanget. 
Mar, ús positive (!) donateursaksje is allesbehalve in statement tsjín it doarpsbudzjet.
It doarpslibben is nammentlik net swart of wyt. Je libje mei-inoar.
Wolst presys witte hoe’t wy hjir krekt yn steane, skilje dan takom wike mei ús foarsitter (foar kontaktgegevens sjoch ús website).

Mei Harmonie Weidum e.o. (sûnder ‘de’!) giet it júst krekt hiel goed; pracht-prestaasjes, entûsjaste leden, fantastyske lieding en útdaagjende projekten. 
Dit wolle wy, ek sûnder strukturele subsydzje, graach sa hâlde, fandêr dus ús Mate-aksje. Wolst dêr mear oer witte of wolst miskien Maat wurde gean dan nei www.harmonieweidum.nl

Wy sykje Maten. En nee, gjin slochtweihinne fjouwerkwartsmaten, mar in groep freonen mei hert foar muzyk!

Noflike peaskedagen, wy sille fan’t wykein oan `e bak; repetearje foar it #OFSF, oant dan!

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring