Ferienings yn bloei!

7 april 2019

Yn it ramt fan it projekt Van Krimp naar Groei, in inisjatyf fan muzykbûn Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF), komme grutte groepen (frijwillige) bestjoersleden en oare belanghawwenden yn dizze sektor op ’t stuit op regelmjittige basis by elkoar. Under professjonele lieding fan oanjager Jan-Willem van Kruyssen wurdt der op dy byienkomsten ûnder oare sprutsen oer finânsjes, kommunikaasje, projektûntwikkeling, ynternasjonalisearring en besturen in balans.

It projekt hat as doel it lokale en regionale kulturele fjild yn Fryslân te fersterkjen. De konstatearre lededelgong binnen de Fryske HaFaBra (it oerkoepeljende wurd foar Harmonieën, Fanfares & Brassbands, de ferskate slachwurkrelatearre ferienings falle hjir ek ûnder) botst nammentlik mei de provinsjale ambysje oangeande kultuerpartisipaasje. Eat wat kultuerdeputearre Poepjes en ferskate kultuerbeliedsmeiwurkers fan Provinsje Fryslân mei klam as probleem bestimpelje. Sadwaande kaam it muzykbûn mei dit projekt en fûn foldwaande finansiering om oanjager Van Kruyssen te belûken by dit projekt.

Lês fierder by Doarpswurk.

In hiel aardich filmke oer hoe’t ferienings wurkje, of hoe’t je ek nei ferienings sjen kinne hat de KNVB makke. Back to basics hyt it en lit hiel ienfâldich sjen wêr’t it eins allegearre om giet. Ek al giet it hjir om fuotbalferienings, de basis is itselde; de fuotballers binne de muzikanten, de skiedsrjochter is de dirigint, ensafuorthinne.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring