Maat fan `e Muzyk - Donateursaksje 2019

20 april 2019

It muzyk rint troch de buorren 

It is febrewaris 1898.
Njoggen Weidumers fine, it moat mar wêze. Ferskate doarpen yn 'e omkriten hawwe al in muzykkorps, Weidum moat ek in fanfare ha. Der giet in list by de doarren lâns en dan: ”Heeft men alreeds over den som van ƒ 95,- te beschikken. Algemeen was men van oordeel dat de financiële bezwaren genoegzaam waren uit den weg geruimd zodat tot oprichting werd besloten", sa stie it mei moaie krulletters yn it earste út in rige fan in lytse tweintich notulenskriften. It earste bestjoer wurdt keazen: de hearen P. Boonstra, S. Radelaar, J. Vos en T.H. Boersma. Dat wie it begjin. 

It is no 2019.
Muzykferiening Harmonie Weidum e.o. bestiet hjoed-de-dei út in malletband en in fanfare en libbet as in hert. 

Wy hawwe ússels ta doel steld om ús muzykferiening yn de takomst foar Weidum en omkriten te behâlden, muzikaal in heger plan te berikken en Weidum en omkriten kear op kear te traktearjen op bysûndere konserten wêrby’t de ‘tredde helte’ fansels net ferjitten wurde mei! 

Wêrom dizze aksje? 
Mei de gemeentlike weryndieling binne der, lykas elts miskien wol fernaam hat, saken feroare; ek foar ús. De jierlikse gemeentlike subsydzje fan de gemeente Littenseradiel komt te ferfallen en it doarpsbudzjet wurdt ynfierd. Dat doarpsbudzjet is in moaie stimulâns om it doarpslibben yn de breedste sin te stypjen, eat dat wy bot wurdearje kinne. Mar dat hâldt tagelyk yn dat wy as muzykferiening binnen no en twa jier in gat yn ús begrutting krije.

Undanks de belutsenens en ynset fan it Weidumer doarpsbelang It Nut, wêrfoar ús grutte tank, ferfalt binnen twa jier mear as €4000,- oan jierlikse gemeentlike subsydzje. In bedrach dêr’t wy altyd op fierder bouwe koene.
Dit takomstige tekoart wolle wy o sa graach opfange. It leafst mei stipe, yn de breedste sin, fan de mienskip om ús hinne. 

Goed idee, mar wat dogge jimme noch mear? 
Njonken it sykjen fan mear stipe út `e omkriten rinne der ek in protte oare saken dy’t te krijen hawwe mei de takomst fan ús muzykferiening: Dielname oan it OMF projekt Van Krimp naar Groei, temakonsert Oare Fyzje Sjongfestival (11 & 12 maaie, sjoch taheakke flyer!), de oprjochting fan ferskate op de takomst rjochte kommisjes, ensafuorthinne. Wolst hjir mear oer witte, nim dan kontakt op mei Janneke. 

Maat fan `e Muzyk
Om ús ambysjes wier te meitsjen ropt it bestjoer de Mateploech Maat fan `e Muzyk yn it libben: in grutte groep freonen mei hert foar de muzyk!
Wurd ek Maat fan `e Muzyk, gean in Maat-skip oan, stypje Harmonie Weidum en profitearje fan de foardielen.

Maten:
-krije 20% koarting op de tagongspriis, foar maksimaal twa persoanen 
-krije ien kear in lytse aardichheid as ûnderdiel fan it Maat-skip 
-meitsje mei mar leafst 20% koarting gebrûk fan ús spesjale ferrassings-aubade-tsjinst * 

Wat moat dêr foar dien wurde?
Gean in Maat-skip oan, wurd Maat fan `e Muzyk en profitearje fan de foardielen!
Maat fan `e Muzyk wurde kostet mar €2,08 de moanne, of €25,- it jier. 

Ik wurd Maat!
Stjoer dyn opjefte nei info@harmonieweidum.nl (en profitearje drekst fan de foardielen!). Nei oanmelding ûntfangst berjocht oer it fierdere ferrin, de betelmooglikheden ensafuorthinne.
 

Wil je meer weten over de nieuwste ontwikkelingen, onze toekomstplannen en onze dromen? 
Vraag het! We geven je graag antwoord!

Mei waarme, muzikale groetnis, 
It bestjoer fan Harmonie Weidum e.o., 
Jacob Fokkens, Patrick Kramer, Sepkje van der Vegt, Johanna van der Heide,
Albert de Boer, Jildou Lageveen, Pytrik Meindertsma & Janneke de Boer. 

* Us spesjale ferrassings-aubade-tsjinst spilet by jubilea, Sara’s & Abrahammen, brulloften en oare unike barrens. Fansels op foarwearde dat ús muzikanten ynsetber binne. Oanfragen wurde mei de grutste diskreesje behannele ; ). Meitsje in ôfspraak mei Sepkje of Janneke of stjoer in mail nei info@harmonieweidum.nl.

« terug

 

 


Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring