Oare Fyzje SjongFestival

2 maart 2019

1 maart hiene wy de kick-off yn it Weidumer stadion: 26 artysten, dik 45 slachwurkers & blazers en in hiele bulte hits: It Oare Fyzje SjongFestival is oan!

De bêste Eurovision songs ever, hearst by it Oare Fyzje SjongFestival fan Harmonie Weidum & Friends!
In jûn grôtfol hits, by it útsinnige publyk brocht troch tópvokalisten. De presentaasje dizze jûn is yn de bedreaune hannen fan ús eigen ekstravagante duo Tialde Ploegh & Wybo Smids.

Fanút hiel Fryslân komme de leafhawwers nei it terpdoarpke Weidum om dit unike konsert by te wenjen. Fans én bookmakers beskôgje Oare Fyzje SjongFestival dan ek as dé generale repetysje foar it echte Eurovision Song Contest 2019, dat letter yn Tel Aviv plak hat.

Meitsje dy klear foar in hearlik muzykspektakel op sneon 11e en snein 12e maaie mei ûnder mear de suksesnûmers: Slow down, Euphoria, Puppet on the string, Ding-a-dong, Birds, Only teardrops, Nocturne en it rauwe Outlaw in ‘em fan Waylon!

Kaarten binne fan nó ôf oan te bestellen fia: www.harmonieweidum.nl/bestel-kaarten

It Oare Fyzje Sjongfestival wurdt mei mooglik makke troch:
Studio Smids, HD Studio, Doarpshûs Weidum, Sjongerij Weidum, Patrick Kramer Lightning Designer, DansWil, Vedt, Janneke de Boer Tekst & Kommunikaasje, PDF-Grafie, Stichting Siebolt Foundation, Gemeente Ljouwert, Fonds Bolsward-Dronrijp (1993), Lammert Koopmans Stichting, P.W. Janssen's Friesche Stichting, Stichting Ritske Boelema Gasthuis.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring