Eltsenien in sûn, leafdefol, lokkich en boppe-al muzikaal Nijjier tawinske!
No, sa begjin jannewaris krije ús plannen foar it nije jier stâl. Dochs hawwe wy yn desimber net stilsitten; Us leden stiene Advendo Boksum Deinum Blessum muzikaal by wilens harren konserten yn it kader fan de Klaver Trije suite, in stik fan 3 kertier skreaun troch Jorrit Laverman. Dernjonken spilen wy as koperensemble yn it Bolwerkkerkje (Frjentsjer) mei 't Franeker Akkoord, wiene wy mei ús slachwurkensemble oanwêzich wilens de krysttsjinst yn de Weidumer Johannestsjerke, soargen wy foar it sfearfolle muzikale behang wilens it tradisjonele krystmiel yn de fersierde Weidumer krystbalseal en spile ús Coby yn De Gerdyk wilens de Kerstmis. Oe, en net te ferjitten de suksesfolle Oaljekoeke-aksje mei de lekkerste bollen fan Bakker Sybesma; eltsenien tige tank foar it keapjen en iten fan dizze lekkernij!
Wy starte kommende wike it nije jier goed mei de reguliere repetysjes, dy't ynearsten draaie sille om DOKpop, it ONSK, it Gouden Spikerfestival en ús machtich moaie Oare Fyzje SjongFestival op 11 maaie; oant dan!