Freedtejûn 6 july wie it tiid foar ús Simmerkonsert, wêrmei't wy de taskôgers meinamen de simmer yn. Oer in dikke wike is it ommers al wer merke, dêrnei folget de Spulwike en dan komt de boufak ek al gau.
Uze B-Roeken trapen de jûn, ûnder lieding fan Ria, ôf mei harren boartlike foarstelling sa't sy dy spile hawwe wilens it Jeugdorkestenfestival, in wike lyn. Mei solisten, Marijke as ferteller, schmink en ferklaaiklean in hiele moaie en komplete act. De Malletband, ûnder lieding fan Johannes, liet ûnder oare wurk hearre sa at sy dat spile hawwe op it konkoers ôfrûne maaitiid en ek it wurk wat sy ûnder oare mei Elske DeWall spilen op Grutsk! Ria wie mei de fanfare de útsmiter fan dizze jûn op it meast smûke keatsfjild fan Fryslân en benammen Annemiek en Yme krigen de hannen op elkoar mei it solistyske Belvedere & Drummer's Delight.
Der wiene yn dit Kulturele Haadstêd jier nochal wat leden fan Harmonie Weidum dy’t eefkes yn it sintsje set wurde moasten. Wy hawwe dit jier nammentlik in knappe list mei jubilearjende leden. Foar dizze knappe prestaasje krigen sy in oarkonde en in insigne fan it OMF, in moai bosk blommen en foar Jan en Wietske wie der njonken in spesjaal kado (foar dizze reislustige minsken) nóch in ferassing: Jan en Wietske waarden wilens dizze jûn beneamd ta Earelid fan ús muzykferiening, wy binne tige wiis mei harren ynset, al dy jierrenlang, en wy hoopje dat sy noch lang muzyk meitsjen bliuwe sille.
Janneke de Boer 25 jier muzikant
Coby Kirkenier 40 jier muzikant
Johan de Boer 40 jier muzikant
Jan van Dijk 60 jier muzikant
Wietske Wiersma 60 jier muzikant
Alle foto's fynst it album 'Simmerkonsert 2018'.
In wurd fan tank fan dit plak ôf oan alle sjouwers, bouwers, kofjesetters, teeskinkers, bierdopwippers, Keatsferiening Nije Kriich, Geskikt, it OMF en fansels ús diriginten Ria en Johannes.