3 prizen yn the pocket!

27 mei 2018

De fanfare fan Harmonie Weidum die sneon 26 maaie mei oan it Gouden Spiker Festival yn Oerterp. 4 stikken moasten der spile wurde; it ferplichte wurk Kleine Speelmuziek, it koraal St. Florian Choral, de sopraan saxsolo Oblivion en de mars Starlake.

It ferplichte wurk lei ús net sa, al klonk it wilens de generale repetysje toch best hiel  moai en de solo fan Ruurdtje wie fuort al in tranentrekker. (Ruurdtje wûn mei har solo yn Oblivion de twadde priis. Har ôfskie as muzikant by Harmonie Weidum waard in klapper; Lokwinske Ruurdtje!)
Nei ús promoasje nei de 4e divyzje wie dit de twadde kear dat wy op dit nivo spilen, spannend: Wêr steane je?

Rûn ienen sammelen wy by it doarpshûs en gie it op Oerterp oan. Dêr oankaam moast der lotte wurde; wannear moatte wy?
Better koe net, we mochten as earste! Omklaaie, ynspylje en gean; kalm, beret en blier stie Ria Fennema foar it orkest. Mei in siike drummer (yn in ferkearde broek ek noch 😅, mar wat wiene we bliid dat er der wie) koe it oangean. Oeren letter, wy wiene yn de tuskentiid nei hûs gien, hearden wy yn Oerterp de útslach:

2de priis solo Ruurdtje Anema

3de priis ferplichte wurk

2de priis oer it algemien (overall) fan de 4e divyzje


In prachtprestaasje, dêr’t wy net op rekkene hiene, om grutsk op te wêzen!

Fan dit plak ôf ek noch in bedankje oan Ria en ús eigen malletbandlid Albert (slachwurk), Johanna (hoorn) en Oeds (tromboane); bedankt foar jimme stipe én fansels oan de organisaasje fan it Gouden Spiker Festival, dy't der alle jierren in bealch fol wurk fan hawwe, chapeau!
Mear foto's fynst yn dit album.

Ut namme fan Harmonie Weidum,
Janneke de Boer. 

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring