Frijwilliger fan 't jier 2018!

21 mei 2018

Klaas Ploegh sil wol tocht hawwe, wat docht Harmonie Weidum sa betiid troch it doarp..?
Dochs gie oan de terp de doarbelle; Klaas Ploegh is de Weidumer frijwilliger fan 't jier 2018!
Goed foar in wiere aubade, de bern en de pakesizzers, in praatsje fan Klaes Tilma en in lekker moarnsbrochje fan Jellie & Sabine.
Bysûnder item by it moarnsbrochje wie it guozze aai, goed foar de kalk en dus wer goed foar de bonken, sei Sjoerd van der Vegt neffens Klaes.

Klaas tige tank foar dyn tomeloze ynset, al jierren lang!

Jellie, Sabine, Wybo, Klaas, Harm, Ait Jan & Sjoerd bedankt foar jim bydrage!

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring