Klaes
Klaes Tilma krige wilens ús jiergearkomste in bysûnder kado; de tromboane fan Johannes de Vries (earder lid, bestjoerslid en foarsitter), krigen fan Johannes syn frou, Wiep en no mei in bysûndere ynskripsje. Klaes is yn 2016 huldige foar syn 50 jierrich jubileum as muzikant, it kado hat in lyts bytsje fertraging oprûn...
Ate de Jong hat de tromboane fan Johannes nochris oanhelle yn syn kollum yn de Huis aan Huis; “Wa soe der tsjintwurdich op de tromboane fan Johannes blaze?”
Klaes sei fan ‘e jûn: “Jim koene my gjin grutter deugd dwaan.”
Jim witte it no, at Klaes mei yn de optocht rint, docht er dat mei dy bysûndere tromboane!
‘1966-2016 In libben lang muzyk
Yn oantinken oan Johannes de Vries’