Dát docht Harmonie Weidum!

De foarstelling Hennie de Heks leart toverjen wie in ferrassend muzikale famyljefoarstelling. Jong en âld fernuveren har oer Hennie, har tsjoenderskeunsten en it tapaslike muzikale listwurk. Harmonie Weidum lit de taskôger jier nei jier genietsje fan sawol slachwurk as blaasmuzyk. Projekten lykas KoperdievenWeidum slaat TrochfestiValentijn en Memories of a Nightclub lûke folle sealen en bringe de besikers in protte wille en in bulte moaie herinneringen! Foar 2016 steane nije projekten yn de aginda. Us malletband sil jim opnij ferrasse mei in nije edysje fan Weidum slaat Troch en ús B-orkest nimt bern mei yn in heimsinnige fûgelwrâld mei de nije muzikale bernefoarstelling Rôversguod, basearre op it boek mei deselfde namme. Yn neifolging fan de súksesfolle 'Hennie de Heks' foarstellings komt Harmonie Weidum no mei in folslein nije foarstelling; Rôversguod. De foarstelling wurdt regisearre troch Baukje Hiemstra en nimt basisskoallebern mei yn in ynteraktyf aventoer. 

Dizze nagelnije bernefoarstelling is te boeken troch bygelyks jo culturele commissie. De foarstelling kin mei troch in behindich dekôr spile wurde yn smûke doarpshûssealtjes. Foar mear ynformaasje en kontakt ferwize wy jo nei ús kontaktpagina.

Besikers meinimme yn in wrâld bol fan muzyk, dát docht Harmonie Weidum!

(Roversguod)

(FestiValentijn)

(Hennie de Heks)

(Memories of a Nightclub)

Muzyk docht der ta en in muzykferiening as Harmonie Weidum is únmisber foar it behâld fan in sterke mienskip. 

 

Roversguod, de muzikale poppefoarstelling

4 februari 2017

Besikers meinimme yn in wrâld bol fan muzyk, dát docht Harmonie Weidum!
 
Een Friestalige, muzikale poppenvoorstelling; dát is Rôversguod. De poppenvoorstelling is geschikt voor kinderen in de basisschoolleeftijd en zal ook zeker de volwassen begeleiders aanspreken. Het script van Tjerk Kooistra is gebaseerd op het nieuwe kinderboek Rôversguod, en neemt jong en oud mee in het avontuur van Fekke en zijn roeken.
Het jeugdige B-orkest van muziekvereniging Harmonie Weidum speelt speciaal door Ria Fennema gecomponeerde muziek en brengt iedereen sfeervol samen rond de verteller en de aansprekende poppen.


 
Oer it ferhaal:

Kakarafrrr, Kakarafrrr... Mei it swit op ‘e holle sjit ik oerein. Wêr bin ik? Wat is it tsjuster. Myn hannen sykje yn ‘e djipswarte leechte om in werkenningspunt.
Fekke wit net wat er meimakket as er op Fjildster Utbuorren ûntdekt dat ien fan de swarte roeken op ‘t hiem prate kin. De stammerjende (in ferfelend kwaaltsje wêr’t er al sûnt it ferstjerren fan mem lêst fan hat) jonge wegeret de fûgel op syn wurd te leauwen en set it bist stiekem efternei de bosk yn.


 
Leeuwarder Courant
"Nieuw boek, nieuwe poppen, nieuwe muziek: Weidum is dol op primeurs. De jeugd van muziekvereniging Harmonie presenteert voor het eerst een eigen voorstelling: Rôversguod."


 
Friesch Dagblad
"Het jeugdorkest van fanfare Harmonie Weidum trekt er de komende tijd op uit met een Friestalige poppenvoorstelling. Rôversguod is een muzikale show voor en door kinderen."

De voorstelling is in februari te zien in het dorpshuis van Weidum:
11 februari 2017 13:30
11 ferbuari 2017 20:0012 februari 2017 15:00
 
 
Rôversguod, de muzikale poppefoarstelling wurdt mei mooglik makke troch de stipe fan ferskate bedriuwen en fûnsen.
Us tank giet dan út ek nei:
Provinsje Fryslân Studio Haaima Vera Damhuis Studio Smids HD Studio Patrick Kramer Studio Roscher Van Balen Boekhoudburo De Boer Melktechniek Timmerbedrijf Wynia Lyts Kanaän PDF-Grafie BC Weidum Frisiantiles Wiersma Tenten & Catering Douwe Kalma Stichting Gemeente Littenseradiel Rabobank Feitsma Fûns Ritske Boelema Gasthuis Arjen Witteveenfonds de Boersma Adema Stichting en de Lammert Koopmans Stichting
 

1


 


Memories of a Nightclub

12 maart 2016

Memories of a nightclub: In âlderwetsk gesellige jûn fuort!

Yn Weidum leit 12 maart de dûnsflier foar jo klear om te dûnsjen en te swingen op muzyk fan ûnder oare Jim Croce, Amy Winehouse, Glenn Miller Orchestra en Kyteman. Fanfare Harmonie Weidum besoarget jo in ûnferjitlike en âlderwetsk gesellige jûn út mei it unike ‘Memories of a nightclub’ konsert yn de folslein oanklaaide grutte seal fan it doarpshûs fan Weidum.

Mei ‘Memories of a nightclub’ wurdt de taskôger de dûnsflier oplutsen troch de gelegenheids bigband dy ’t spesjaal foar dizze jûn foarme wurdt. Lit jo ferrasse troch ferskate gastmuzikanten lykas The Andrew Sisters, pianist Jan Stulp en sanger Wybo Smids dy ’t Frank Sinatra fertolket.

De 118 jierrige muzykferiening Harmonie Weidum bestiet út in malletband en in fanfare. De ôfrûne jierren hawwe beide ôfdielings al hiel wat besikers nei Weidum lutsen, ûnder oare mei de bernefoarstelling Hennie de Heks, mei de film Koperdieven en op fjirtjin febrewaris 2015, yn gearwurking mei de malletband, mei it festiValentijn. Under de besiele lieding fan dirigint Ria Fennema hat de fanfare fan ’t hjerst op it concours in 1ste priis mei promoasje behelle. Njonken de temakonserten is Harmonie Weidum ek te finen by keatspartijen, it iepenloftspul yn Jorwert en by trouwerijen en jubilea; in iverige en belutsen doarpsferiening dy ‘t altyd op syk is nei fernijing. Mei ‘Memories of a nightclub’ jit Harmonie Weidum it fenomeen korps yn in folslein nij jaske en bringt sy hafabra leafhawwers, dûnsfans en âlderwetske geselligens byinoar.


 


festiValentijn

14 februari 2015

Love on top yn Weidum

 

Gjin standert falentynskonsert fan Harmonie Weidum dit jier, mar in wiere ûnderfining. As taskôger wurdst meinaam lâns tema’s as ferealens, lust en drama op lokaasje. Sa kuierest fan doarpshûs nei tsjerke wêr’t op lokaasje ynteger en útbundich ôfwiksele wurde. It festiValentijn is in lytsskalich opsetten festival ta eare fan de leafde yn al har fasetten en in gearwurking tusken Malletband en Fanfare. Dizze koöperaasje is in útdaging foar de 117 jierrige muzykferiening mar skept ek nije mooglikheden. Sawol muzykleafhawwers as libbensgenieters sille dizze jûn mei in protte niget ûndergean.

 

Yn it gefariearde program hearst in grut ferskaat oan nûmers foarby kommen. Bygelyks in klassiker as ‘Too much love will kill you’ fan Queen, de hit ‘Mag ik dan bij jou’ fan Claudia de Breij of it betsjoenende ‘1000 years’ fan Christina Perri. Alle muzyk is spesjaal foar it festiValentijn arranzjearre troch Ria Fennema en Martijn Oostra. Yldau Bijlsma, Jasmin Lukkes en Wybo Smids nimme de sang foar harren rekken.

Sjoerd en Tsjerk Bottema liede dy lâns muzyk, poëzij en tema’s mei as reade tried in leafdesferhaal, skreaun troch Annemiek Schuurman, wat jin net ûnoandien lit.

 


 


Benefiet'S'concert

23 november 2014

Belangeleas mei wurkje oan it projekt Op 'e Trapers foar Make a Memory. Harmonie Weidum, Koar Weidum, Ria Fennema, Wybo Smids, Ait Jan Bouma, Thomas Perridon, Sabine Tamminga, Piet Douma en hiel folle oaren ha harren ynsetten foar dit bysûndere barren. Jeltsje Tamminga, Sepkje van der Vegt en Laura Cook sille yn septimber 2015 de Mont Ventoux beklimme foar stifting Make a Memory. Dizze stifting set him yn foar de âlden fan slim sike bern en baby's. De sinten foar dizze stifting wurde brûkt om foto's meitsje te kinnen fan dizze jonge libbens. Se meitsje oantinkens. De kick-off op 22 novimber 2014 fan Op 'e Trapers foar Make a Memory hat in moaie start west foar de ynsammelingsaksje fan de trije fytsters.


 


Valentijns Festival

28 oktober 2014

It wie yn 2011 doe't Fanfare Harmonie Weidum foar 't earst in Valentijsconcert joech. No yn 2015 falt de datum sa alderferskuorrende moai, dat wy koene it net oer ús hert ferkrije om it oergean te litten. De earste edysje wie in gearwurking mei Annemiek Schuurmans, Wybo Smids, Ruurdtje Anema, Yldau Bijlsma, Grietje Meulenaar, Wiebe Kaspers, Tjerk Kooistra en de Weidumer Krystbalkommisje. Net de minste nammen yn Fryslân. Muzyk fan Kane, The Beatles, Marco Borsato, John Miles en Sara Bareilles krige de taskôger te hearren. Op 14 febrewaris 2015 sil de oanpak en organisaasje alhiel oars wêze. Martijn en Ria (ús diriginten) sille gearwurkje, lykas de muzikanten fan sawol Malletband as Fanfare. Mei de stekwurden smaakfol, smûk en leafdefol wurdt it festival in wiere oade oan de leafde.

De taheakke foto's jouwe dy in ympresje fan it konsert fan 2011.


 


Het jaarlijks begeleiden van de elfstedenfietsers

30 mei 2014


 


Koperdieven

12 maart 2013

"Koperdieven” is in fryske film, mei muzyk fan de fanfare fan Weidum.

In soarte fan filmfare. De klanken fan de fanfare en de bylden fan StudioSmids nimme jo mei op aventoer…..

Yn it tsjuster kreakje de trapers, himet de fytser… Wêr sil dit hinne? Byljende hûnen en blinkjende brekizers…. Moarns docht bliken wat de skea is.  Rûnom yn it doarpke is ynbrutsen. Detectiveburo De Lange & De Korte draait oeroeren. Kinne sy it mystearje yn Weidum oplosse? Jo sille de muzyk en de film op in hiel eigentiidske wize belibje.Yn in prachtich oanklaaid filmtheater  komme toanen fan Queen, Bach en Eric Clapton de taskoager temjitte, wylst sy sjogge nei it spannende ferhaal fan Koperdieven, mei in protte bekinden út Weidum en windstreken, soene Feik en Tjits wol sizze…..

Harmonie Weidum
De fanfare fan Harmonie Weidum stiet sûnt septimber 2012 û.l.f. Ria Fennema, in diriginte mei in protte ûnderfining.  Sy fielt har tige thús yn Weidum en draait op folle toeren mei yn dit koperdieven-projekt. Krekt as alle leden fan 
de fanfare. It kaam wolris efkes op hun aktear-talinten oan! 

 


 


 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o.