De grutte Harmonie-Re√ľny


Datum:
4 november 2023

Aanvang:

Omschrijving

Mear ynfo folget sa gau as mooglik. 

Yn Weidum binne se sa’n 600 (âld-) muzikanten kwyt. De jubileumkommisje fan muzykferiening Harmonie Weidum wist net hoe’t se it hie: “Ja man, wy sykje 250 blazers, 200 majorettes en 150 slachwurkers; wêr moatte je begjinne…”

Klaes Tilma is oan it wurd. Foar de reüny fan kommende hjerst moat hy 600 sluven en 600 postsegels plakke en dêr sjocht er as in berch tsjinop: “Want ik ha al in seare tonge fan alle ekstra repetysjes foar it jubileumkonsert…” Mar earst hat er fansels de adressen noadich...
Help Klaes in hantsje: Hasto ea by Harmonie Weidum spile of majorette west en wolsto 4 novimber ek oanwêzich wêze op de grutte Harmonie-reüny? Jou dy dan op fia it opjefteformulier ûnder ‘Nieuws’.

Reüny
Op sneon 4 novimber hâlde wy in reüny foar de hiele feriening. Ferhalen, foto’s en in bysûndere film sille sjen litten wurde. Yn de film sjogge wy wat de Harmonie wie en hoe de takomst derút sjen sil, mar ek bylden fan de tarieding nei it jubileumkonsert en interviews mei bekende gesichten. In miel jûnsiten heard derby en jûns jout Harmonie Weidum e.o. in lyts konsert. Wy soene it moai fine as wy dy moetsje kinne! Bisto der 4 novimber by, op de grutte Harmonie-reüny? Sykje dan kontakt fia it opjefteformulier of belje of app nei Janneke: 06  10 77 01 65. Nei opjefte folget der letter fia in e-mail ynformaasje oer in (lytse) eigen bydrage en it fierdere program.