NOAT & TOAN | 125 jier Harmonie Weidum


Datum:
10 juni 2023

Aanvang:

Omschrijving

Wy binne jierdei! En dát fiere we
It is 27 febrewaris 1898. Njoggen Weidumers fine, it moat mar wêze. Ferskate doarpen yn 'e omkriten hawwe al in muzykkorps, Weidum moat ek in fanfare ha. Dat wie it begjin.

Hjoed op de dei presys is it eksakt 125 jier lyn dat muzykferiening Harmonie Weidum e.o. oprjochte waard!

Dát fiere wy, mei jimme, it hiele jier. Mar spesjaal op sneon 10 juny:
NOAT & TOAN
Harmonie Weidum 125 jier oan

In unyk iepenloftbarren op it smûkste keatsfjild fan Fryslân. Ien machtich moai grut orkest, gastmuzikanten, spesjale muzyk, echt hiele stoere optredens fan ús jeugdôfdielings, in grut iepenloftpoadium mei in noflike tribune en dat alles midden yn ús Greidhoeke-doarpke.

Wêr & wannear
Wannear: 10 juny
Wêr: Keatsfjild Nije Kriich, Lytse Buorren Weidum
Fjild iepen: 20:30
Oanfang konsert: 21:00 

Oer de kaarten: 


Oer de lokaasje: