'Minder kinderen op muziekles'

18 mei 2016

'Keunstwurk constateert dat het voor veel gezinnen niet mogelijk is om muziekinstrumenten of muzieklessen te financieren'

Yn dit artikel út de LC wurde ek soargen útsprutsen oer de takomst fan it muzykoanbod yn Fryslân, foar jongeren en folwoeksenen.
Harmonie Weidum wol eltsenien de kâns jaan om plezier te belibjen oan muzyk. Foar fragen oer de finansjele kant fan les en lidmaatskip kinne jo leechdrompelich by ús bestjoer terjochte.

It soe moai wêze as gemeente Littenseradiel ek ynstapt by it Jeugdcultuurfonds, foar de stipe fan de kulturele ûntwikkeling fan bern.
Ek wurket ús muzykferiening gear mei oare muzykferienings om de takomst fan harren eigen fuortbestean, mei it each op de weryndieling fan de Fryske gemeenten, te behâlden en te fersterkjen. Benammen op sosjaal, muzikaal en finansjeel mêd.

In muzykferiening is mear dan in pear toeters en trommels, it is in muzikale freoneploech.

It hiele artikel fan Jan Ligthart út de Ljouwerter Krante is fia dizze link te lêzen. 

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o.