Konsert 24 april, Johannestsjerke Weidum

13 april 2016

’t Franeker Akkoord & Saxmonie yn Weidum
 
Snein 24 april kinne jo genietsje fan in muzikale middei yn de Johannestsjerke fan Weidum. It jubilearjende ’t Franeker Akkoord sil de taskôger ferrasse mei in miks fan klassike muzyk, folksferskes en moderne popmuzyk. It koar fan tolve man sterk bestiet fiif jier en is yn 2011 ûntstien fanút it ylústere shantykoar Loopend Tuyg, wat -sa’t de namme al seit- in minder fariearre program hie. 
It Weidumer kwartet saksefoans Saxmonie besteande út Ruurdtje Anema (sopraan), Corina Punter (alt), Pytrik Meindertsma (tenor) en Janneke de Boer (bariton) spilet in like fariearre program wêrtroch koar en kwartet prachtich op elkoar oanslute. De saksefoanistes binne alle fjouwer lid fan de Weidumer muzykferiening Harmonie Weidum, wat lykas ’t Franeker Akkoord ûnder de befleine lieding stiet fan dirigint Ria Fennema. Sawol it koar as it kwartet wurdt begelaat troch de betûfte pianist Jan Stulp. 
De muzikale middei begjint om 15:00, de tagong is €3,- ynklusyf kofje/tee.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o.