Kaarten bestelle: Memories of a nightclub

3 maart 2016

Bestelformulier 

Kaarten à €10,- it stik binne 12 maart oan de doar te krijen en fia it bestelformulier. Klik op: Bestelformulier. De nachtclub iepenet har doarren 20:30, om 21:00 is de kick-off.

Memories of a nightclub: In âlderwetsk gesellige jûn fuort!

Yn Weidum leit 12 maart de dûnsflier foar jo klear om te dûnsjen en te swingen op muzyk fan ûnder oare Jim Croce, Amy Winehouse, Glenn Miller Orchestra en Kyteman. Fanfare Harmonie Weidum besoarget jo in ûnferjitlike en âlderwetsk gesellige jûn út mei it unike Memories of a nightclub konsert yn de folslein oanklaaide grutte seal fan it doarpshûs fan Weidum.

Mei Memories of a nightclub wurdt de taskôger de dûnsflier oplutsen troch de gelegenheids bigband dy ’t spesjaal foar dizze jûn foarme wurdt. Lit jo ferrasse troch ferskate gastmuzikanten lykas The Andrew Sisters, pianist Jan Stulp en sanger Wybo Smids. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Monique van Gijzen en Jan Tiede Bouma.

Kaarten online bestelle dochst hjir. Do litst dyn gegevens achter en wy lizze de kaarten foar dy apart. Betelje dochst 12 maart oan de kassa.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring